Jules Dumont d'Urville
Jules Sébastien César Dumont d'Urville (23 maaie 1790 – 8 maaie 1842) wie in Frânske ûntdekkingsreizger, dy't berne waard yn Condé-sur-Noireau, Normandje, yn Frankryk. Hy wie in Frânsk admiraal en ferkenner fan de súdlike en westlike Stille Oseaan, Austraalje en Antarktika. Syn earste (en wichtichste) fynst die er yn 1820 doe't er by in hydrografyske ekspedysje op de Grykske eilannen in antyk masterwurk út sa'n 130 f.Kr. ûntduts: de Fenus fan Milo. Yn 1822 waard er nei de Stille Oseaan stjoerd; hy kaam werom mei in moaie samling bisten en planten. Yn 1826 waard er wer nei de Stille Oseaan hjitten. Mei it skip Astrolabe brocht er dêr de kusten fan Nij-Guinea, Nij-Seelân en oare eilannen yn kaart. Yn 1827 seach oan de seekant fan it eilantsje Bare huzen en boaten, mar gie dêr net oan de wâl.
Yn 1837 sile er, wer mei de Astrolabe, de súdlike poalkriten by del, dy't er de Adéliekust neamde, nei syn frou. De Adéliekust is no part fan Terre Adélie of Adélielân, in diel fan de Frânske Súdlike Gebieten.
Letter waarden de D'Urvillesee, de Kaap d'Urville en D'Urville-eilân (Nij-Seelân) nei him neamd.
Jules d'Urville kaam op 8 maaie 1842, mei syn frou en soan, om by in treinûngemak by Meudon, Frankryk. Hy is beïerdige op it Begraafplak Montparnasse yn Parys.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jules Dumont d'Urville fan Wikimedia Commons. |