Julian Mandel
Julian Mandel (Elzas, 1872 - Parys, 1935) wie in Frânsk keunst- en erotykfotograaf in de jierren ’10, ’20 en ’30 fan de tweintichste iuw.
Wurkpaad
bewurkje seksjeMandel wijde syn libben oan it befoarderjen fan de fotografy as keunstfoarm. Syn klassike stúdzjes fan it froulike neaken, mei bygelyks Alice Prin, waarden rillegau sammelobjekten yn Frankryk. De foto's waarden as ansichtkaarten op 'en baan brocht troch Alfred Noyer, Les Studios, P-C Paris en de Neue Photographische Gesellschaft.
Mandel wie lid fan de Dútske avant-gardegroep Neues Zeitalter im Freien. Oer syn libben is oars net in protte bekend. Der wurdt wol tocht dat syn namme in pseudonym is. Der binne minsken dy't tinke dat hy Julian Walery wie, in fotograaf út deselde perioade dy't ek soksoarte stilen tapaste. Dat soe de protte oerienkomsten tusken beide fotografen ferklearje.
Hy fotografearre syn modellen meast yn saneamde "klassike poses", sawol yn de studio as bûtendoar. Syn opnames binne keunstsinnich komponearre en hawwe sêfte kleuren mei in beljochting dy't in tekstuer yn ljocht en skaad skept.
De neakenfoto’s waarden ferkocht yn it formaat fan de ansichtkaart, mar wiene net ornearre as ansicht, en it fersjoeren wie yn dy tiid noch ferbean. Troch harren grutte pasten se goed yn jasbûsen, pakjes en boeken. Se waarden in protte ferkocht.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Julian Mandel fan Wikimedia Commons. |