Julius I
Julius I (berne yn Rome, datum ûnbekend – ferstoarn op 12 april 352 yn Rome) waard op 6 febrewaris 337 ta biskop fan Rome keazen en bleau dat oant syn dea. Hy wie de 35e paus yn de rige.
Julius I | ||
kristlik lieder | ||
amt en titulatuer | ||
amt | Biskop fan Rome | |
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 6 febrewaris 337 - 12 april 352 | |
foargonger | Markus | |
opfolger | Liberius | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Rome | |
stjerdatum | 12 april 352 | |
stjerplak | Rome | |
etnisiteit | Romeinsk |
Julius folge paus Markus op en waard keazen nei't de Hillige Sit fjouwer moannen fakant west hie. Syn pontifikaat foel tegearre mei de wrakseling fan de noch jonge Tsjerke mei de lear fan it Arianisme, dy't benammen yn de eastlike Tsjerke oanhing fûn. Arius' ûntkenning fan de Trije-ienheid krige stipe yn it Easten en in soad biskoppen dy't trou bleaune oan de belidenis fan Niséa waarden dêr twongen harren sit op te jaan. Julius ferwolkomme de ferballe biskoppen yn Rome en wiisde de ariaanske synoades yn Tyrus en Antiochje ôf, dêr't mei Niséa brutsen wie. Hy rôp twa konsyljes yn Rome by inoar, dêr't er de ferballe biskoppen oanhearde en harren ûnskuld ferkundige.
Op de synoade fan Antiochje yn 341 hiene de oanhingers fan de ariaanske biskop Eusebius fan Nikomeedje patriarch Anthanasius fan Aleksandrje, dy't it fûleindich yn 'e kant sette tsjin de arianen, op 'e nij ferballe ferklearre. Hja namen it beslút in delegaasje nei de westromeinske keizer Konstâns I en paus Julius te stjoeren, om harren hanneljen út te lizzen. Julius stie lykwols oan de kant fan Athanasius en joech him asyl yn Rome. De paus nûge beide partijen út om harren saken foar te lizzen oan in troch him foarsitten synoade, mar de ariaanske biskoppen wiisden dat útstel ôf.
By dy twadde ferballing út Aleksandrje waard Athanasius troch de synoade ûnder foarsitterskip fan Julius yn 342 erkend as in gewoane biskop. Julius stjoerde in brief oan de easterkse biskoppen, in ier foarbyld fan de oanspraken op it primaat fan de biskop fan Rome. Sels as soene Athanasius mei syn gesellen skuldich wêze, sa skreau de paus, dan hie de Aleksandrynske Tsjerke earst de paus oanskriuwe moatten. It wie nammentlik oan de paus om te definiearjen wat rjochtfeardich is.
Op oantrunen fan Julius waard letter it konsylje fan Serdica (Sofia) holden. Mar 76 easterske biskoppen diene mei oan dy synoade, mar hja loeken harren gaueftich werom en makken op harren eigen konsylje fan Philippopolis de ôfsetting fan Julius, Athanasius en oaren bekend. De trijhûndert westerske biskoppen holden fêst oan de eardere besluten fan Rome en feardigen in tal dekreten út oer de tsjerklike tucht.
Oan Julius wurdt de bou fan de Santa Maria in Trastevere en Santi XII Apostoli yn Rome taskreaun. Hy wie it ek dy't de feestdei fan de berte fan Jezus fêststelde op 25 desimber.
Julius I waard nei syn dea al gaueftich as hillige fereare. Syn feestdei fal op 12 april. Hy wie patroanhillige fan de lju dy't de latrines skjinmakken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Julius I.
|