De Junkers F.13 (ek bekend as F 13) wie de earste transportfleanmasine dy't hielendal fan metaal wie, boud yn Dútslân oan de ein fan de Earste Wrâldkriich. It wie in avansearre iendekker mei in wjuk út ien stik, mei in tichte ferwaarme kabine foar fjouwer passazjiers. De fleander siet yn in heal iepen cockpit, sûnder sydruten. Der binne sa'n 330 fan ferkocht, 110 dêrfan fleagen yn Dútske tsjinst. It tastel waard 13 jier lang makke en hat hast 20 jier kommersjeel tsjinst dien.
De F.13[1], Junkers syn earste kommersjele fleanmasine, wie doetiids tige nijmoadrich mei syn ribbeltsjeplaat beklaaing fan de romp, leech pleatste en earodynamysk ferantwurde wjukken sûnder triedden om se te skoarjen. Yn 't earstoan wie men hoeden mei it tapassen fan in lege wjuk om't men tocht dat it swiertepunt fan it tastel dan te heech lizze soe. Ek letter yn de jierren 1920 wienen fleanmasinen noch twadekkers mei skoarlinen en latten oan de bûtenkant. Mei Fokker syn passazjiersfleanmasines wienen dy fan Junkers de moderne tastellen dy't de toan oanjoegen yn de loftfeart.