Justus fan Beauvais
Justus (berne yn 277 yn Auxerre; ferstoarn yn 287 in Amiens) is in ierkristlike martler fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn feestdei is op 18 oktober. De hillige Justus falt ûnder de groep sefalofoaren, hilligen dy't fanwegen harren leauwen ûnthalze waarden en neffens de oerlevering wer opstiene en dêrnei mei de holle yn 'e hannen fierder kuieren.
Justus fan Beauvais | ||
hillige | ||
It Mirakel fan Sint-Justus (Peter Paul Rubens) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 277 | |
berteplak | Auxerre | |
stjerdatum | 287 | |
stjerplak | Amiens | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 18 oktober |
Oerlevering
bewurkje seksjeNeffens de oerlevering soe Justus as njoggen- of tsjierjierrich jonkje mei syn kristlike heit nei in omke socht ha, dy't al as bern stellen en ferkocht wie as slaaf. Hja fûnen him yn Amiens en hawwe him dêr befrijd. De heit en syn omke koene op 'e tiid flechtsje en holden harren ferside yn in grot, mar de jonge Justus koe net mear útpike en foel yn 'e hannen fan in groep manlju fan Rictius Varus, de troch keizer Maksimianus beneamde romeinske prefekt.
Rictius Varus wie in ferbittere fijân fan kristenen en om't er syn heit en omke net ferriede woe en likemin syn leauwe ôfswarde liet er Justus ûnthalzje. Nei de ûnthalzing pakte Justus lykwols syn holle op en rûn dêrmei nei syn heit en preke. Dat mirakel soe plak fûn ha tusken Beauvais en Compiègne op in plak dat sûnt Saint-Just-en-Chaussée hjit. De legindefoarming soe ûnstien wêze nei't de mem fan Justus de holle fan har soan thússtjoerd krige.
Reliken
bewurkje seksjeSint-Justus wurdt fral fereare yn Frankryk, Switserlân en Belgje. Syn kultus ferspriede him fierder yn Ingelân. De stêd Winchester seit in fragmint fan de skedel te besitten. Mar der binne mear plakken dêr't de skedel fan Justus wurdt bewarre. Doe't de Fransiskanen it kleaster Galilea yn Sutfen stiften, namen hja in hollerelikwy fan Sint-Justus mei. Yn de 16e iuw waard de skedel fan Sint-Justus stellen en nei omswalkings kaam de skedel lang om let yn de Antwerpske Sint-Karolustsjerke telâne, dêr't ek hjoeddedei de hollerelikwy noch bewarre wurdt.[1][2]
In diel fan de holle wurdt ek yn de eardere benediktynske abdij fan Corvey as relikwy fereare. In hast folslein bewarre skedel wurdt yn Flums yn it Switserske kanton St. Gallen fereare. Ek it bisdom Chur yn Switserlân en de abdij fan Malmedy yn Belgje soene reliken krigen hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Thérèse de Lisieux
|