Juwsmastate (Rinsumageast)
Juwsmastate is in eardere stins fan Rinsumageast yn de gemeente Dantumadiel. De stins bestie al om 1400. De state is nei 1484 ferwoaste, it is de earste fan de 4 stinsen fan Rinsumageast dy't ferdwûn. Yn Rinsumageast is in wei neamd nei dizze stins: 'de Juckemawei'.
Healwei de 15e iuw hie Wopke Juwsma it faak oan de stok mei buorman Worp Tjaarda, fan de Tjaardastate. Hjirby binne fan beide famyljes in soad leden fermoarde. Uteinlik waard de Juwsmastate ferwoaste troch de Tjaarda`s, ek troch meidwaan fan de Ljouwerters.
List fan eigeners fan de Juwsmastate
bewurkje seksjeJier | Brûker |
---|---|
Bauke Juwsma | |
Wopke Juwsma | |
1466 | Popke Juwsma |
1466 | Wyts Juwsma en Juw Harinxma |
1466 | Gaycke Juwsma |
1484 | Wilco Ringia |