KOffice
KWord screenshot
KWord skermprint

Untwikkelder It KOffice Team
Meast resinte ferzje 1.6.3/ 6 july, 2007[1]
Lêste bêtaferzje 2.0 alpha 9/ 16 july 2008[2]
Platfoarm Multyplatfoarm (Linux, BSD, Solaris, Windows, Mac OS X)
Kategory Office suite
Lisinsje GPL, LGPL, BSD license and others
Webstee http://koffice.org

KOffice is it officepakket foar 'K Desktop Environment KDE en falt ûnder de nûmer fan frije sêftguod. De lêste ferzje fan KOffice is 1.6.3, dy't op 7 juny, 2007 it ljocht seach. KOffice wurdt apart fan KDE útbrocht en kin ynladen wurde fanôf it thúsblêd fan KOffice. Koffice brûkt as it mooglik is it triemformaat OpenDocument as standert yn de applikaasjes.

KOffice komponinten

bewurkje seksje

KOffice komt mei de folgjende komponinten:

  KWord In tekstbewurker mei ramt en stylblêd stipe foar DTP-styl bewurkings fan ingewikkelde opmaak.
  KSpread In rekkenblêd applikaasje mei stipe foar meardere rekkenblêden, sjabloanen en mear as 100 wiskundige formules.
  KPresenter In presintaasje programma mei ôfbylding en effekt stipe.
  Kivio In te programmearjen stroomdiagramprogramma
  Karbon14 In Fektortekenprogramma mei ferskate teken en bewurkhelpmiddels.
  Krita (Dit wie earst bekend as Krayon en KImageshop). In teken- en byldbewurkprogramma.
  Kugar en KChart In yntegrearre programma om rapporten op te meitsjen en in grafiekprogramma.
  KFormula In programma om formules mei te meitsjen.
  Kexi In yntegrearre databank programma. It hat beheinde komptabiliteit mei it MS Access triemformaat.
  KPlato In projektmanagement programma.

In filterset makket it mooglik om nei ferskate triemformaten te skriuwen en te lêzen.

OpenDocument

bewurkje seksje

Sûnt ferzje 1.5 brûke de wichtichste komponinten, krekt lykas OpenOffice.org 2.0 en heger, it OpenDocument-formaat.

Op it stuit is de Koffice ferzje 1.6.x ûntwikkele foar de Unix omjouwing, mar mei ferzje 2.0 komt dêr feroaring yn. Op 19 maaie 2008 binne der ek al de earste tekens fan sjoen mei in alfa ferzje dy't ek op de Windows omjouwing te ynstallearjen wie [3]. Neist it brûkber meitsjen foar oare platfoarmen is it 'flake'-konsept in opfallende fernijing.

Flake[4] is de objekt bibleteek foar Koffice. De basis is dat der fan útgong wurdt dat de saneamde “shapes”, dy alderhande figueren oannimme kin, ferskillende saken lykas media, tekeningen of tabellen yn in dokumint yntegrearje kinne. En omdat de figueren fan elkoar witte dat se besteane kin der bygelyks tekst om in fideofiguer setten wurde. Flake objekten kinne grafysk ferpleatst, rotearre, skale en skean lutsen wurde.

Keppelings op utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) It KOffice Projekt - KOffice 1.6.3 útjefte meidieling
  2. (in) It KOffice Projekt - KOffice 2.0 alfa 9 útjefte meidieling
  3. (in) Earste alfa útjefte foar windows
  4. (in) Ynformaasje oer Flake