Kaap Kobbedunen
Kaap Kobbedunen is in houten kaap op it Waadeilân Skiermûntseach en is in deimerk foar de skipfeart. De kaap stiet yn it Nasjonaal Park Skiermûntseach.
Yn 1731 waard begûn mei it setten fan ûngefear 20 kapen/beakens by Skiermûntseach. Yn 1766 waard begûn mei de bou fan in nije grutte kaap en in lytsere kaap op it eilân.
Haiku's by it beaken
bewurkje seksjeBy it beaken steane twa haikû's ferwurke yn granyt (ien skreaun yn it Noarsk en ien yn it Nederlânsk) fan de byldzjend keunstner Jan Loman. Hy ferwiist nei it op deselde easterlingte lizzende palk Nesvag yn it suden fan Noarwegen.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Kaap Willemsdún, de oare kaap op it eilân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|