Kadastrale oantsjutting

De kadastrale oantsjutting is it kenmerk fan in kadastraal perseel.

It bestiet út de namme fan de kadastrale gemeente, de seksje en in nûmer.

  • Nimwegen C 1553:
    gemeente = Nimwegen
    seksje = C
    perseelsnûmer = 1553

Dizze kombinaasje is unyk, dat wol sizze dat sy mar ien kear brûkt wurdt. In ferfallen perseel is sa altyd werom te finen en de âlde sitewaasje te rekonstrearjen. It Kadaster hâldt nammentlik foar in nij perseel by út hokker eardere perselen yn it nije ûntstien is en for de ferfallen perselen yn hokker nij perseel sy opgien binne.