Kamasûtra

(Trochferwiisd fan Kama Sutra)

De Kamasûtra, yn it oarspronklike Sanskryt: कामसूत्र, Kāmasūtra, is in âlde religieuze hindoe-tekst, dy't mank de Sanskrityske literatuer algemien beskôge wurdt as it standertwurk oangeande minsklike seksueel hâlden en dragen. It wurk, dat taskreaun is oan 'e filosoof Vātsyāyana, bestiet fierhinne út proaza, dat altemets ûnderbrutsen wurdt troch dichtfersen. De namme falt útinoar yn kāma, dat "seksueel geniet" betsjut, en dat ien fan 'e fjouwer doelen fan it hindoeïstyske libben is (Kāma is ek de namme fan 'e hindoegod fan 'e leafde); en sūtra, dat letterlik "rjochtsnoer" betsjut en in ferwizing is nei in samling útspraken, of, yn modern spraakgebrûk, in hânlieding. It is lykwols it misferstân (dat fral yn it Westen tige taai is) dat de Kamasûtra inkeld in sekshânlieding wêze soe. Ynstee is it in godstsjinstich geskrift, ferlykber mei in boek fan 'e kristlike Bibel, dat rie jout oangeande de deugdsume libbenswize dy't it hindoeïsme foarstiet, en in sûn sekslibben heart dêr no ienris by. Mei troch de grutte kennis fan 'e âlde Yndyske gewoanten dy't deryn ferwurke is, stiet de Kamasûtra ek ûnder de mear kekene hindoes fan hjoed de dei noch yn heech oansjen.

Kamasûtra
algemiene gegevens
oarspr. titel कामसूत्र ("Kāmasūtra")
auteur Vātsyāyana e.o.
taal Sanskryt
foarm proaza mei fersen
sjenre non-fiksje (religiosa)
skreaun 6e – 2e iuw f.Kr.
In yllústraasje fan in (akrobatyske) seksuële posysje út 'e Kamasûtra.

Opbou en oarsprong

bewurkje seksje

De Kamasûtra bestiet út 1.250 fersen (fan sawol proaza as poëzij), dy't ferdield binne oer 36 haadstikken. It wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e filosoof Vātsyāyana, dy't nei alle gedachten tusken de fjirde en de sechsde iuw libbe. Teksthistoarisy binne lykwols fan tinken dat de Kamasûtra fan 'e fjirde iuw f.Kr. ôf oer in langere perioade gearstald is troch generaasjes fan skriuwers. Men is fan tinken dat it yn 'e twadde iuw n.Kr. syn hjoeddeiske foarm berikte. Mei't dat op syn minsten twahûndert jier foàr de berte fan Vātsyāyana wie, is net alhiel dúdlik hoe't dy syn namme mei it wurk ferbûn rekke is. It soe kinne dat hy de lêste redakteur fan 'e Kamasûtra wie, of in ynfloedryk kopiïst.

Plak yn 'e hindoeïstyske literatuer

bewurkje seksje

De Kamasûtra is de âldste en meast ferneamde fan in groep teksten dy't mei-inoar bekendsteane as de Kāmaśāstra, en dy't alle wurken beslane oangeande kāma: leafde, eroatika en seksueel geniet. Ek kin de Kamasûtra yndield wurde by de oare Sûtra's, dat bondels foarskriften foar de rituële praktyk binne, dy't har ûnderskiede troch har beheindens, dúdlikheid en karakteristike útdrukkingsfoarmen. De Sûtra's hearre op har beurt wer ta de śruti, of iepenbiering (yn tsjinstelling ta de minder hillige smṛti of oerlevering, de oare grutte ûnderferdieling fan 'e hindoeïstyske religieuze literatuer).

 
In yllústraasje út in edysje fan 'e Kamasûtra.

De Kamasûtra is net de pornografyske fulgariteit dêr't it (fral yn it Westen) noch gauris foar fersliten wurdt, mar in samling detaillearre foarskriften foar ritualisearre seksuële praktiken dy't liede moatte ta in djipper ynsjoch yn 'e ûnderlinge geastlike ferhâlding tusken de minske oan 'e iene kant en syn partner, de wrâld en God oan 'e oare kant. It boek wurdt faak ferdield yn sân parten, al is dat in moderne yndieling dêr't yn 'e oarspronklike tekst omdôch nei socht wurde sil. It is miskien noch fan belang om te fertsjutskjen dat de orizjinele manuskripten gjin yllústraasjes hiene, en dat alle plaatsjes dus fan letter datum (faak út 'e njoggentjinde iuw) binne. De sân dielen binne sa:

  1. Algemiene opmerkings: 5 haadstikken oer de ynhâld fan it boek; de doelen en prioriteiten fan it libben; it oanwinnen fan kennis; hoe't men jin mei goed fatsoen hâlde en drage moat; en oertinkings oangeande it brûken fan tuskenpersoanen om jin op it mêd fan 'e leafde te helpen.
  2. Seksuële omgong: 10 haadstikken oer de stimulaasje fan lichaamlik begear; hoe't men omearmje, streakje en tútsje moat; hoe't men de neilen en de tosken brûke kin om te streakjen; hoe't men de leafde bedriuwe moat en hokker posysje oft men dêrby brûke kin; en beskriuwings fan it foarspul, de koïtus en it neispul. Hjirby wurde 64 soarten seksuële ferrjochtings omskreaun; dit diel is wat men yn it Westen eins bedoeld as men it oer de Kamasûtra hat.
  3. Houlik: 5 haadstikken oer alle foarmen fan it houlik; hoe't men oan in faam slagget; hoe't men jin rêdt as men gjin faam hat; en hoe't men mei jins frou op bêd giet.
  4. Rjochten en plichten fan 'e frou: 2 haadstikken oer it hâlden en dragen fan in iennichste frou, en oer it hâlden en dragen fan 'e haadfrou en de byfroulju.
  5. Oarmans froulju: 6 haadstikken oer hoe't men jin yn it bywêzen fan oarmans frou heart te hâlden en te dragen; hoe't men mei oarmans frou yn 'e kunde komt; de taken fan 'e tuskenpersoan; hoe't de kening, foar wa't fansels oare regels jilde, mei oarmans froulju omslacht; hoe't it yn 'e frouljusfleugel om en ta giet.
  6. Koertisanes: 6 haadstikken mei rie oer de kar fan in minneresse of koertisane; hoe't men in fêste mêtresse siket; hoe't men op 'e nij befreone reitsje kin mei in eardere minneresse; en hoe't men jild fertsjinje kin.
  7. Okkulte saken: 2 haadstikken oer hoe't men lichaamlike oantrekkingskrêft grutter meitsje kin; en hoe't men in ôfswakke oantrekkingskrêft wer oanskerpje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.