It Kamares Akwadukt of it Bekir Pasja Akwadukt is in akwadukt by Larnaka op it eilân Syprus. It akwadukt leit bûten de stêd tichteby de âlde dyk nei Limasol. Mei de bou fan it akwadukt waard yn 1747 útein set. Tassos Mikropoulos beskreau it akwadukt as de belangrykste wetterfoarsjenning fan Syprus.

Kamares Akwadukt.

It akwadukt waard finansierd troch Ebubekir Pasja (ek bekend as Koca Bekir Pasja of Abu Bakr Pasja), de Ottomaanske gûverneur fan Larnaka. It akwadukt wurke oant 1939 en bestiet út 75 bôgen.

De bou fan it akwadukt sette yn 1747 útein en waard yn 1750 foltôge. It projekt koste meiïnoar 50.000 kuruş, dy't út de ponge fan Ebubekir Pasja betelle waard. Bûtenlânske reizgers neamden it faak ien fan 'e belangrykste monuminten dy't yn it Ottomaanske tiidrek yn Syprus boud binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: