Cameo

(Trochferwiisd fan Kameorol)

In cameo (Fryske útspr.: [ka'me:o], likernôch "ka-mee-joo" of Ingelske útspr.: ['kæmio], likernôch: "kem-mi-joo") is in koart optreden fan in ferneamd persoan yn in film of tillefyzjesearje. Soms giet it hjirby om glimproltsjes, mar meast is it al in pratende rol. Cameo's moatte net betize wurde mei gastrollen yn tillefyzjesearjes; dat binne gruttere rollen dy't mar yn ien ôflevering fan 'e searje foarkomme. De regisseur Alfred Hitchcock stie der om bekend dat er sels faak yn in cameorol yn syn eigen films ferskynde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.