Kamp Börgermoor
Kamp Börgermoor (Dútsk: Lager I Börgermoor) wie it earste fan de fyftjin Emslandlager. Lager I lei sa'n 10 kilometer besúdeasten Papenburg.
Skiednis
bewurkje seksjeKamp Börgermoor waard 1933 boud as finzenekamp ornearre foar tsjinstanners fan it nasjonaalsosjalisme. De fakminsken ûnder de earste finzenen waard hjitten harren eigen kamp te bouwen. De finzenen bouden ek it kamp Esterwegen en moasten it fean yn de omkriten ûntginne. Yn 1934 gong it kamp oer nei justysje. De offisjele list fan Dútske konsintraasjekampen hat kamp Börgermoor ûnder nr 155.[1] Under de Iemslânkampen [2] is it kamp kend as Lager I Börgermoor. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden dêr feroardiele militêren fan de Wehrmacht fêstsetten; letter waard it ek de finzenis fan Franske, Belgyske en Nederlânske fersetsstriders. Ein fan de oarloch wie kamp Börgermoor in ûndersyksfinzenis fan de Wehrmacht.
De finzenen moasten lang swier wurk dwaan. Se krigen gjin masines om te brûken. Se krigen minne en net genôch klean, min iten en waarden faak mishannele.
Nei de befrijding brûkte justysje it kamp noch in skoft om flechtlingen op te heinen. Yn de sechtiger jierren waarden de barakken ôfbrutsen. Fan it kamp is allinne in tichtmitsele skûlkelder en wat pún oer. In betinkingsplaat mei de tekst 'Nie wieder Faschismus' en in stien mei it 1e kûplet fan it liet 'Die Moorsoldaten' bringe de kamptiid te binnen.
Deadetal
bewurkje seksjeDe fyftjin Emslandlager hawwe sa'n 100.000 kriichsfinzenen en 80.000 politike- en straffinzenen tahâlde moatten. Der wurdt rûsd dat 30.000 fan de finzenen dêr fermoarde is. Foar it grutstepart hawwe dat Russyske kriichsfinzenen west. Dy lizze op njoggen begraafplakken yn massagrêven. Fan in minderheid fan dy hôven is de nasjonaliteit en it tal minsken dy't der lizze bekend. It is net bekend hoefolle kampbewenners de oarloch oerlibbe hawwe; in protte binne letter yn oare kampen deadien.
Asylsikers
bewurkje seksjeSoms moasten de finzenen op mar in pear hûndert meter fan de Nederlânske grins oan it wurk. Geregeldwei hawwe finzenen besocht om de grins oer te flechtsjen. Tsientallen slagge dat, mar yn de measte gefallen waarden de asylsikers troch de Nederlânske oerheid weromstjoerd. Faak betsjutte dat de dea fan de flechtling. Yn in pear gefallen, dy't publyk omtinken krigen, waarden asylsikers net weromstjoerd nei Dútslân, mar nei oare lannen útwiisd.
Literatuer
bewurkje seksje- Gevangen in het veen. De geschiedenis van de Emslandkampen Pieter Albers Utjouwerij Friese Pers/Noordboek, printinge 4 / 2009. ISBN 9789033005411
- Erich Kosthort en Bernd Walter: Konzentrations- und Strafgefangenenlager im Dritten Reich, Beispiel Emsland, 3 Bde. Düsseldorf 1983
- Kurt Buck: Auf der Suche nach den Moorsoldaten. Emslandlager 1933 - 1945 und die historischen Orte heute. Papenburg 6. Aufl. 2008
- Giovanni R. Frisone en Deborah Smith Frisone: Von Albanien ins Stalag VI C, Zweiglager Versen und Fullen. Zeichnungen und Tagebuchaufzeichnungen des italienischen Militärinternierten Ferruccio Francesco Frisone 1943-1945, Papenburg 2009 (ISBN 978-3-926277-18-3)
- Erich Kosthorst, Konzentrations- und Strafgefangenenlager im Emsland 1933 - 1945: zum Verhältnis von NS-Regime und Justiz, Düsseldorf, 1985
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|