Kapeltsjerke (Drachten)
De Kapeltsjerke is in tsjerkegebou yn Drachten, gemeente Smellingerlân.
Kapeltsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Berglaan 10 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1926 | |
monumintale status | Gemeentlik monumint |
De sealtsjerke mei in rjochthoekige plattegrûn hat in symmetryske foargevel, dy't oerhearske wurdt troch in klokketoer mei in fjouwerkante spits. De entree en de ruten yn de foargevel binne rûnbôgefoarmich. Yn 1969 waard in nij oargel pleatst troch de firma Pels & Van Leeuwen. De Kapeltsjerke bleau sûnt de bou geef en net feroare, wat net sein wurde kin fan de boude omjouwing. De tsjerke stiek earst boppe de bebouwing út, sûnt de lêste desennia fan de 20e iuw falt it gebou suver wei tusken de kantoar- en appartemintegebouwen dy't oan alle kanten om de tsjerke hinne steane.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kapelkerk, Drachten fan Wikimedia Commons. |