Karel IV fan Frankryk

Karel IV (Creil (Oise), 18 juny 1294 - Vincennes, 1 febrewaris 1328), mei de bynamme 'de Moaie' (Charles IV le Bel) wie kening fan Frankryk en Navarra (as Karel I) fan 1322 oant syn dea. Hy wie de lêste streekrjochte ôfstammeling fan Hugo Kapet.

Karel IV de Moaie

Karel wie de jongste soan fan Filips IV fan Frankryk. Under syn bewâld, dat net as al te wichtich bekend stiet, moast hy benammen rekkening hâlde mei de opposysje fan de Frânske eallju en joech hy stipe oan syn suster Isabella, dy't op minne fuot stie mei har gemaal, kening Eduard II fan Ingelân.

Karel wie wiswier trije kear troud, mar hat gjin manlike erfgenamten neilitten. Noch by Karel syn libben easke de Ingelske kening Eduard III, de soan fan Karel syn suster Isabella, de troan op. De Frânske fazallen joegen harren stipe lykwols oan in oare neef fan Karel, Filips, de soan fan syn omke Karel fan Valois, en dy't kening wurde soe nei Karel syn dea. Op dizze wize kaam der in ein oan it bewâld fan de Kapetingers. Dat wie lykwols net nei it sin fan Eduard III, dy't fia syn mem syn rjochten op de Frânske kroan ferdigene. Dat konflikt hie de Hûndertjierrige oarloch as gefolch.

Keppeling om utens

bewurkje seksje