Karel Loadewyk fan Hessen-Kassel
Karel (Kassel, 3 augustus 1654 - dêre, 23 maart 1730) wie fan 1670 oant 1730 lângreve fan Hessen-Kassel.
Libben
bewurkje seksjeHy wie de soan fan lângreve Willem VI en Hedwig Sophie fan Brandenburch, dochter fan George Willem fan Brandenburch. Yn 1670 folge er syn broer Willem VII op as lângreve fan Hessen-Kassel. Hy sette in grut leger op dat er ferhierde oan de heechste bieder en dat stried yn ûnder mear de Spaanske Suksesjeoarloch. Nei syn dea yn 1730 waard er opfolge troch syn soan Frederik I, dy't sûnt 1720 kening fan Sweden wie.
Nei it ynlûken fan it Edikt fan Nantes yn 1685 yn Frankryk, helle Karel de ferballe Hugenoaten nei Kassel en joech harren frijheid fan goddtsjinst. Sa'n 4000 Hugenoaten setten harren ta wenjen yn Kassel. Karl sterke de metaal-yndustry fuort en hie ek niget oan archeology.
Houlik en bern
bewurkje seksjeKarel troude yn 1673 mei Maria Anna fan Koerlân (1653-1711), dochter fan Jacob Kettler. Hja krigen 17 bern, ûnder oaren:
- Frederik I (1676-1751), kening fan Zweden, lângreve fan Hessen-Kassel
- Sofia Charlotte fan Hessen-Kassel (1678-1749), op 2 jannewaris 1704 boaske oan Hartoch Frederik Willem fan Mecklenburg-Schwerin (1675-1713)
- Willem VIII (1682-1760), lângreve fan Hessen-Kassel
- Maria Louise (1688-1765), troud mei Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz (1687-1711)
- Maximiliaan (1689-1753).