Karl Weyprecht (as Carl Weyprecht) (Bad König, 8 septimber 1838 (of yn Michelstadt, Dútslân) - Michelstadt, 31 maart 1881) wie in Dútsk/Eastenryksk-Hongaarsk poalûndersiker dy't yn de Eastenryksk-Hongaarske marine tsjinne. Hy waard ferneamd fanwege syn poalreizen en as foarfjochter fan it ynternasjonaal meielkoar oparbeidzjen yn it wittenskiplik ûndersyk nei de poalen.

Karl Weyprecht
Foarside fan de "Illustriertes Wiener Extrablatt" fan 25 septimber 1874 mei links Julius von Payer en rjochts Karl Weyprecht; it opskrift seit: "De lieders fan de Noardpoal-ekspedysje"

1856 kaam er yn tsjinst as kadet by de Eastenryksk-Hongaarske marine (Kriegsmarine). Hy tsjinne yn de oarloch tusken Eastenryk en Sardynje. Tusken 1860 en 1862 siet er op it fregat Radetzky ûnder kommando fan admiraal Tegetthoff en tusken 1863 en 1865 wie er offisier op it trainingskip Hussar.

Op 23 july 1865 moete er de Dútske geograaf August Petermann by in gearkomst fan de "Geographic Society" yn Frankfurt. Julius von Payer moete er 1870 en ûndernaam mei him in ekspedysje nei Nova Zembla yn 1871. Op 18 febrewaris 1872 krige Weyprecht de Eastenryksk-Hongaarske nasjonaliteit.

Tegearre mei Von Payer late er tusken 1872 en 1874 de Eastenryksk-Hongaarske Noardpoalekspedysje dy't Frâns Joazeflân yn de Noardlike Iissee fannijs ûntduts. It ekspedysjeskip, de Admiral Tegetthoff kaam fêst te sitten yn it pakiis en waard ferlitten. Mei sliden sette de ekspedyske ôf nei it noarden en berikte iepen wetter. Mei boaten gie it fierder en waard dêrnei de Swarte Kaap op Nova Zembla berikt, dêr't jin úteinlik troch de Russyske skoener "Nikolaj", ûnder bewâld fan kaptein Feodor Veronin, oppikt waarden. Hy brocht de groep nei Vardø yn Noarwegen en dêrwei gie it mei de postboat nei it suden en oer lân úteinlik nei Wenen.

Op 18 septimber 1875 spriek Weyprecht de 48e "Gearkomst fan Dútske Wittenskippers en Natuerkundigen" ta yn Graz. Hy die ferslach oer de basisprinsipes fan poalûndersyk en suggerearre it stiftsjen fan fêste poalstasjons. Neffens Weyprecht wie it fan belang om mei in netwurk fan sokke stasjons gereldwei mjittingen fan waar- en iisomstannichheden te garjen op ien en deselde wize. Yn 1879 presintearre er dy ideeën, tegearre mei dy fan Georg von Neumayer, op it 2e Ynternasjonale Kongres fan Meteorologen yn Rome.

Karl Weyprecht stoar oan tuberkuloaze yn 1881.

  • Karl Weyprecht, Die Metamorphosen des Polareises. Österr.-Ung. Arktische Expedition 1872-1874
  • Julius von Payer, New Lands within the Arctic Circle (1876)
  • Andreas Pöschek: Geheimnis Nordpol. Die Österreichisch-Ungarische Nordpolexpedition 1872-1874. - Wenen: 1999 (download as PDF)
  • Ursula Rack, Sozialhistorische Studie zur Polarforschung anhand von deutschen und österreich-ungarischen Polarexpeditionen zwischen 1868-1939 (Wenen 2009).