Karmelitetsjerke (Lviv)
De Karmelitetsjerke of de Sint-Michaeltsjerke is de tsjerke fan it karmelitekleaster yn Lviv yn 'e Oekraïne. Yn 1748 foarme de tsjerke it toaniel fan in beruchte striid tusken de Karmeliten en harren buorlju, de Kapusinen.
Sint-Michaeltsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Lviv | |
plak | Lviv | |
koördinaten | 49° 50' N 24° 2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jan Pokorowicz | |
boujier | 1623-1642 | |
boustyl | barok | |
Kaart | ||
Om't de tsjerke bûten de grinzen fan 'e binnenstêd lei moast de tsjerke goed fortifisearre wurde. Dochs plonderen de Kozakken en de Sweden de tsjerke. De gevel waard yn 'e 19e iuw op 'e nij boud, mar it gebou hat noch in soad fan it âlde karakter en it ûntwerp fan de arsjitekt Jan Pokorowicz bewarre. It neamen wurdich binne it 300 jier âlde alter fan swart moarmer en in rige fresko's fan Giuseppe Pedretti út de jierren 1730.
De tsjerke gyng nei 1789 oer yn hannen fan in tal ferskillende eigners, oant de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke it gebou krige en it yn 1991 op 'e nij wijde oan Michael de Aartsingel.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1613 waard op it plak in houten kleaster stifte foar de Karmeliten-sûnder-skuon. It is bekend dat der yn 1634 in stiennen tsjerke boud waard, dy't yn 1644 ynwijd waard. Tsjerke en kleaster waarden skeind yn de tiid fan de Chmelnytsky-opskuor (1648) en de Noardske Krigen (1704). Yn 1731-1732 waarden de barokke fresko's oan it plafond en de muorren oanbrocht.
De oarder fan de Karmeliten-sûnder-skuon moasten it kleaster yn 1781 ferlitte en ferhûze nei Zagórze. It kleaster waard yn 1794 oerdroegen oan in herfoarmingsoarder en yn 1789 oan 'e Karmeliten-mei-skuon. Tusken 1835 en 1839 fûn de bou fan 'e tuorren oan wjerskanten fan 'e gevel plak. Se waarden lykwols pas yn 1906 foltôge, doe't by in restauraasje de boppeste ferdjippings foltôge waarden by in restauraasje.
It kleaster waard yn 1945 sletten en de muontsen teagen nei Krakau. It kleasterkompleks waard foar de opslach brûkt en wie tydlik fan it Natoerwittenskiplik-Technysk Stedsmuseum.
Yn 'e jierren 1960 en 1970 wie it kleaster in sintrum foar de alternative jongereinkultuer fan Lviv en waarden der konserten yn 'e kleastertún holden. Sûnt 1980 wurdt it kompleks restaurearre.
De tsjerke waard yn 1991 oan 'e Gryksk-Katolike Tsjerke oerdroegen, dy't de gebouwen beskikber stelden oan de Oarder fan de Studiten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|