Karvon (carvone) is in monoterpeenketon dat foarkomt yn de oalje fan in soad planten, benammen karweisie en dille.

Struktuer fan Karvon

Stereo-isomeary

bewurkje seksje

Karvon komt foar as twa enantiomearen, molekulen dy’t elkoars spegelbyld binne: S-karvon, ek d-karvon neamd (fan dexto), is in floeistof dy’t nei karwei rûkt; R-karvon of l-karvon (fan laevo) is in kleurleaze floeistof dy’t rûkt nei munt. Beide hawwe in siedpunt fan sawat 231°C en binne sa goed as ûnoplosber yn wetter. Hannelspreparaten binne faak troch lytse fersmoargings (<1%) wat gielich.

S-karvon is it wichtichste bestândiel fan de oalje fan karweisie en dille; R-karvon komt it meast foar yn de oalje fan munt (Mentha spicata).

Karvon wurdt al lang brûkt as smaak- en rookstof yn it iten, ûnder oare yn kaugom mei muntsmaak; ek as rookstof yn luchtferfriskers en sa. Essinsjele oaljes mei karvon wurde brûkt yn aromaterapy en alternative genêskunde.

S-karvon is in natuerlik bewarmiddel dat yn de lânbou brûkt wurdt as sprútgroeiregulator, om foar te kommen dat de bewarre ierdappels te betiid útrinne. Dêrfoar moat it alle wiken fernevele wurde oer de te bewarjen ierdappels. Talent fan Luxan is in merknamme.[1].

Foar dizze tapassing is karvon talitten troch de Jeropeeske Uny as groeiregulator foar planten foar it skoft fan 1 augustus 2008 oant 31 july 2018[2].


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Luxan folder voor Talent
  2. Rjochtline 2008/44/EG fan de Kommisje fan 4 april 2008. Publikaasjeblêd L94 fan 5 april 2008, s. 13