Kate Lynne "Katie" Nauta (Salem, 29 april 1982) is in Amerikaansk moademodel, aktrise en sjongster. Sy brûkt de namme 'Katie' foar har wurk as model en 'Kate' foar har filmwurk.

Nauta waard grut yn Woodburn (Oregon) en wenne dêr oant 2000. Nauta hat Friezen ûnder har foarâlden.

Nauta sette mei modellewurk útein doe't se 15 jier wie. Mei 17 wûn hja de Elite Model Look-wedstriid yn de FS. Sy hat no in kontrakt by Mode Models International.[1] Sy hat wurke foar Versace (Sport and Versus), L'Oréal, DKNY en Abercrombie & Fitch Co. en docht ek reklamewurk, ûnder oaren foar Motorola.[2]

  • Lingte: 176.5cm
  • Mjitten lichem: 84-61-89
  • Kleanmjitte: 36
  • Skuonmjitte: 39

Nauta sjongt en skriuwt ek lieten. Sy hat mei Lenny Kravitz oan har muzyk wurke.[3] Har song Revolution is te hearren yn de soundtrack fan de film Transporter 2.

Luc Besson fûn Nauta foar de rol fan 'Lola' yn Transporter 2 en brûkte twa fan har lieten foar de soundtrack fan dy film. Nauta is fierders te sjen yn de Webrige Fear Clinic.[4]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. mode models
  2. Basic description as a model from her agency
  3. Kate Nauta MySpace page
  4. Exclusive Image: Fear Clinic