Katedraal fan Bradford

De Katedraal fan Bradford (Ingelsk: Bradford Cathedral) yn Bradford, West-Yorkshire, Ingelân is ien fan 'de trije katedralen fan it Anglikaanske bisdom Leeds. De katedraal stiet op in plak dêr't al sûnt de 8e iuw de kristlike earetsjinst fierd wurd, doe't misjonarissen fan út Dewsbury it evangeelje brochten.

Katedraal fan Bradford

Bradford Cathedral

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip West-Yorkshire
plak Bradford
adres 1 Stott Hill, Bradford BD1 4EH
koördinaten 53° 47' N 1° 44' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Leeds
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier (likernôch) 1400–1965
boustyl gotyk
monumintale status Grade I listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Bradford (West-Yorkshire)
Katedraal fan Bradford

Oarspronklik hearde de tsjerke by it bisdom York, dêrnei foel de nei Petrus ferneamde tsjerke ûnder it bisdom Ripon en mei de stifting fan it bisdom Bradford waard de parochytsjerke in katedraal. Doe't op 20 april 2014 it bisdom Leeds stifte waard troch de bisdommen Bradford, Ripon-Leeds en Wakefield gear te foegjen, waard de tsjerke ien fan 'e trije ko-katedralen fan it nije bisdom. De oare twa katedralen fan it bisdom steane yn Ripon en Wakefield.

De earste tsjerke op it plak datearre út 'e Angelsaksyske tiid en rekke by de Normandyske ynfaazje fan 1066 yn it neigean. De Normandyske ealfrou Alice de Laci liet in twadde tsjerke bouwe, dy't it trijehûndert jier úthold en yn 1327 troch plonderjende Skotten skeind waard.

 
Ynterieur

Yn 'e 14e iuw folge de weropbou fan 'e tsjerke en dêrby waard mooglik âlder mitselwurk op 'e nij brûkt by de rekonstruksje fan it skip. De âldste dielen fan 'e hjoeddeiske tsjerke, de arkades fan it skip, waarden yn 1458 foltôge. Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw waard boppe de rige arkades in ljochtbeuk tafoege. Ek waarden der kapellen by boud, op 'e noardlike kant in kapel foar de famylje Leventhorpe en op 'e súdlike kant in kapel foar de eigners fan it lângoed Bolling (tsjintwurdich Bolling Hall). De toer yn 'e perpendicular styl waard yn 1508 foltôge.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1950-1960 oan 'e eastlike kant fergrutte troch de Ingelske arsjitekt Edward Maufe. De ramen út de fiktoriaanske tiid krigen wer in plak yn 'e nijbou fan Maufe en sadwaande hat de hiele tsjerke noch ramen út dy tiid. Ek it westlike raam mei foarstellings fan Bibelske froulju is fiktoriaansk. By de útwreiding gyng it stiennen retabel út 1854 fan Robert Mawer ferlern. Under it grutte tal monuminten oan 'e muorren is ek in wurk fan 'e ferneamde byldhouwer John Flaxman te sjen. Ek oan beide kanten fan 'e westlike toer waard de tsjerke útwreide.

Yn 'e jierren 1980 waard de tsjerke modernisearre en op 'e nij ynrjochte om oan it tanimmende tal besikers en it multifunksjonele gebrûk te foldwaan. Foar dat doel waarden de fiktoriaanske tsjerkebanken ferfongen troch stuollen en ek it oargel yn it skip waard opoffere foar in bettere ferljochting fan 'e tsjerke en mear romte te meitsjen yn it westlike diel fan 'e tsjerke. Tagelyk waard as oanfolling op it piipoargel yn it koer in Bradford Computing Organ ynstalleare mei lûdsprekkers yn it skip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Bradford Cathedral