Katedraal fan Metz

De Cathédrale Saint-Étienne (Sint-Stafenusdom) yn Metz is de katedraal fan it Frânske bisdom Metz. De katedraal waard tusken 1220 en 1520 boud en is ien fan de grutste en moaiste goatyske katedralen fan Frankryk. Mei in hichte fan mear as 41 meter hat de katedraal op dy fan Amiens en Beauvais nei it op twa nei heechste ferwulft. Gjin oare katedraal yn Frankryk hat sa'n grut oerflak oan brânskildere glês (6.500 m²). It joech de katedraal de bynamme La Lanterne du Bon Dieu; de "lantearne fan Us Leave Hear".

Sint-Stefanuskatedraal

Cathédrale Saint-Étienne

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
Grutte Easten
departemint Moselle
plak Metz
adres Rue du Cloître
koördinaten 49° 7' N 6° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Metz
patroanhillige Sint-Stefanus
Arsjitektuer
boujier 1220-1520
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side katedraal
Side bisdom
Kaart
Katedraal fan Metz (Frankryk)
Katedraal fan Metz

Sûnt 1930 wurdt de katedraal as histoarysk monumint beskerme.

 
It middenskip fan de katedraal

De Sint-Stefanusdom waard boud op it plak dêr't al sûnt de 5e iuw in oan Stefanus wijde tsjerke stie. Neffens Gregoarius fan Tours wie it Stefanushillichdom it iennige bouwurk dat by de plondering troch Attila's Hunnen yn it jier 451 sparre waard. De bou fan in goatyske katedraal begûn yn 1220 binnen de muorren fan in Ottoanske basilyk út de 10e iuw. Troch de yntegraasje fan in 12e-iuwske goatyske kapel yn de nije katedraal oan it westlike ein ûntbriek in westlik haadportaal. It súdwestlike portaal fan de katedraal is de yngong fan dy eardere kapel. De bouwurksumheden waarden om 1520 hinne foltôge en de katedraal waard op 11 april 1552 plechtich ynwijd.

De Frânske arsjitekt Jacques-François Blondel mocht yn 1755 it neoklassisistyske portaal oan de westkant fan de katedraal ûntwerpe. Foar syn ûntwerp moasten in oangrinzgjend kleaster en trije oanboude tsjerken ôfbrutsen wurde. De wurksumheden waarden yn 1764 foltôge.

Fjoerwurk feroarsake yn 1877 in grutte brân en in soad skea oan de katedraal. Besletten waard om it ynterieur fan de katedraal yn neogoatyske styl te renovearjen. De westlike gevel waard tusken 1898 en 1903 wer hielendal op 'e nij boud; Blondel's portaal waard dêrby ôfbrutsen op plak te meitsjen foar in neogoatysk portaal.

Brânskilderde ramen

bewurkje seksje

De katedraal besit it grutste oerflak fan âld brânskildere glês yn ien gebou. De ramen stamme fan Hermann von Münster (14e iuw) en Valentin Bousch (16e iuw). Yn de 20e iuw foege Marc Chagall tusken 1958 en 1968 trije ramen ta oan de kolleksje. Roger Bissière en Jacques Villon makken ûntwerpen foar mear ramen, wêrûnder dy fan de kapel fan it Hillich Sakramint.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Saint-Étienne de Metz