Katedraal fan Orléans

De Cathédrale Sainte-Croix d'Orléans (Katedraal fan it Hillich Krús) is in monumintaal tsjerkegebou yn de Frânske stêd Orléans. It is de jongste katedraal fan de grutte goatyske katedralen yn it lân. Fan oarsprong is de haadtsjerke fan it bisdom Orléans 13e-iuwsk, mar yn 1568 waard de katedraal foar in grut diel troch hugenoaten fernield. De tsjintwurdige katedraal datearret fan de 18e oant 19e iuw. De tsjerke is in histoarysk monumint.

Katedraal fan it Hillich Krús

Cathédrale Sainte-Croix d'Orléans

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Centre-Val de Loire
plak Orléans
adres Place Sainte-Croix, 45000 Orléans
koördinaten 47° 54' N 1° 54' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Wiere Krús
Arsjitektuer
boujier Earste stien 1289
ferneatige yn 1568
weropbou fanôf 1601 oant 1829
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side bisdom
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Orléans (Frankryk)
Katedraal fan Orléans
 
Resten fan de romaanske katedraal

Om't de âlde 11e-iuwske romaanske katedraal yn 1227 foar in diel ynstoartte, naam biskop Robert de Courtenay (1258–1279), in pakesizzer fan kening Loadewyk VI, it beslút de âlde katedraal net te renovearjen mar te ferfangen troch in goatyske nijbou. De biskop waard lykwols twongen om kening Loadewyk IX te begelieden op de krústocht. It wie syn freon en opfolger Gilles Pasté dy't op 11 septimber 1288 de earste stien foar de nijbou lei.

Lykas wens waard útein set mei de bou fan it koer en dêrnei ôfsletten mei de bou fan it skip, wêrby't de âlde romaanske tuorren en de net ynstoartte dielen yntegrearre waarden. It koer waard tsjin it ein fan de 13e iuw mei kapellen yn de apsis en yn de rin fan de 14e iuw mei sydkapellen fergrutte. De nije katedraal bleau frij fan skea yn de tiid fan it ûntset fan Orléans troch Jeanne d'Arc yn 1429. Yn 1512 waard in grutte gouden kûgel mei dêrop in krús op de klokketoer set, dy't dêrmei heger waard as de krusingstoer. Troch de bou fan fjouwer nije traveebôgen waard de ferbining mei it romaanske dwersskip foltôge.

Under lieding fan de foarsten fan Condé begûn yn 1567 de Twadde Hugenoatenkriich, de iennige offensive kriich fan de hugenoaten. Yn de rin fan de striid besetten de protestanten Orléans en al gau begûnen radikalen ek mei it ferneatigjen fan tsjerken. De oanfierder Loadewyk I, prins fan Condé, liet dêrom de poarten fan de katedraal tichtmitselje, mar yn de nacht fan 23 op 24 maart 1568 slagge it in lytse groep soldaten dochs om yn de katedraal te kommen. Mei eksplosiven ûnder de pylders fan de krusing feroarsaken hja in eksploazje, dy't de âlde katedraal hast folslein ferneatige. Allinne de kapellen en de twa earste traveeën fan de katedraal oerlibben de eksploazje.

 
Grûnplan fan de hjoeddeiske katedraal
 
Monumint foar Jeanne d'Arc

Op 2 july 1598 brocht kening Hindrik IV in besite oan de stêd. By dy besite ûnthiet de kening om op kosten fan de steat de weropbou fan de katedraal te realisearjen. Foar de nijbou leine kening Hindrik en keninginne Maria de Medici op 18 april 1601 de earste stien. It koer waard yn 1623 foltôge en yn 1627 begûnen de wurksumheden oan it dwersskip, wêrfan't it noardlike diel yn 1643 en it súdlike diel yn 1643 foltôge waarden. Boppe it portaal fan it súdlike dwersskip waard it biedwurd fan de nij kening Loadewyk XIV oanbrocht: Nec pluribus impar.

Yn 1739 begûn it wurk oan de westlike ôfsluting en de beide tuorren fan de katedraal. De âlde romaanske gevel waard ôfbrutsen en de nije yn 1773 foltôge. De twa earste ferdjippings fan de tuorren waarden yn de tsien jier dêrnei boud. Troch de bou fan de tuorren moast fanwegen ynstoartingsgefaar it portaal fersterke wurde. No't allinne noch de twa tuorren fan de katedraal foltôge wurde moasten feroarsake de Frânske Revolúsje foar in ûnderbrekking fan it wurk. It duorre oant 1817 doe't der wer fierder wurke koe en yn 1829 waard, yn it ramt fan it 400-jierrige jubileum dat Jeanne d'Arc de stêd fan de Ingelsen befrijde, de foltôging fan de katedraal fierd.

Om't de klokketoer yn 1854 yntusken gefaarlik út it lead hong moast dy ôfbrutsen en yn in tiidrek fan fjouwer jier wer opboud wurde. Fuort dêrnei krige it koer fan de katedraal nije brânskildere ramen. Yn de nacht fan 8 op 9 septimber 1904 stoartte it ferwulft fan it hillichdom yn.

By de Dútske ynfaazje yn Frankryk yn 1940 waard in diel fan it histoaryske sintrum fan de stêd troch bombardeminten ferneatige. De katedraal rekke dêrby ek skeind, mar de skea bleau lykas as letter ek yn 1944 beheind. Fanôf it ein fan de Twadde Wrâldkriich sette in restauraasje útein om de katedraal wer yn de âlde gloarje werom te bringen. Dy wurksumheden binne noch jimmeroan net ôfsletten. Sa is hjoeddedei de tagong ta de twa tuorren ferbean foar besikers, om't de skea dêr noch jimmeroan net ferholpen is. De grutste klok fan de katedraal, dy't as gefolch fan it kriichsgeweld yn 1944 yn 1971 skuorde, waard pas yn 2012 wer op 'e nij getten en werom hongen.

 
Ynterieur
  • De katedraal is 140 meter lang en fiifskippich.
  • Lingte ynterieur fan it skip: 40 meter.
  • Lingte ynterieur fan it transekt: 53 meter.
  • Lingte eksterieur fan it transept: 65 meter .
  • Hichte fan de gevel: 40 meter.
  • Hichte fan it ferwulft: 32 meter.
  • Hichte tuorren: 88 meter
  • Hichte krusingstoer (boud yn 1855-1859): 114 meter

It grutte oargel fan de katedraal waard yn 1822 út de abdij Saint-Benoît nei Orléans oerbrocht. It front fan it oargel datearret fan 1657. Louis Callinet brocht yn 1831 it ynstrumint yn oarder en yn 1880 folge, mei wergebrûk fan in diel fan it âlde materjaal en behâld fan de âlde kast, de bou fan in nij mechanysk sleepladenoargel troch Aristide Cavaillé-Coll. It is ien fan de meast ferneamde ynstruminten fan dy oargelbouwer en it komt wat klank en disposysje oanbelanget tichteby it lettere symfoanyske klankideaal.

Restauraasjes fûnen plak troch Haerpfer-Erman yn 1979 en troch Bernard Hurvy tusken 2004 en septimber 2007. It ynstrumint besit 54 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Sainte-Croix d'Orléans