Katedraal fan de Hillige Geast (Istanbûl)

De Katedraal fan 'e Hillige Geast' (Italjaansk Cattedrale di Santo Spirito of Cattedrale dello Spirito Santo; Turksk: Kutsal Ruh Katedrali) oan 'e Cumhuriyet Caddesi 127/B yn 'e wyk Elmadağ (distrikt Şişli) is ien fan 'e roomsk-katolike haadtsjerken yn Istanbûl. De missen wurde neffens de Latynske ritus fierd en de katedraal jout ek ûnderdak oan de Chaldeeske mienskip, dy't harren tsjinsten neffens eigen ritus fiere.

Katedraal fan de Hillige Geast
Kutsal Ruh Katedrali
Lokaasje
lân Turkije
plak Istanbûl
adres Cumhuriyet Avenue, 205/B
koördinaten 41°02'N 28°59'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Hillige Geast
status basilica minor
Arsjitektuer
arsjitekt Giuseppe Fossati
boujier 1846
boustyl barok
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan de Hillige Geast (Istanbûl)
Katedraal fan de Hillige Geast

De katoliken fan Istanbûl hawwe gjin bisdom mar in Apostoalysk Fikariaat, om't de oekumenyske patriarch as de aartsbiskop fan Istanbûl beskôge wurdt. De tsjerke is de sit fan it Apostoalyske Fikariaat Istanbûl en is op 'e Antoniusbasilyk nei de grutste roomske tsjerke fan 'e stêd.

Paus Benediktus XV.

De katedraal waard yn 1846 yn barokke styl boud ûnder lieding fan 'e Switsersk-Italjaanske arsjitekt Giuseppe Fossati en syn kollega Julien Hillereau.

Yn 1909 krige de tsjerke fan paus Pius X de status fan basilica minor. Ferskate pausen besochten by in besite oan it lân de katedraal, lykas paus Paulus VI, paus Jehannes Paulus II, paus Benediktus XVI en paus Fransiskus.

Yn 'e hôf foar de katedraal stiet in stânbyld fan paus Benediktus XV.

Giuseppe Donizetti, in musikus oan it hôf fan 'e Ottomaanske sultan Mahmud II, is begroeven yn 'e krypt fan 'e tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: