Katedraal fan de Hillige Martlers (Gjûmri)
De Katedraal fan de Hillige Martlers (Armeensk: Սրբոց Նահատակաց եկեղեցի) is in katedraal yn Gjûmri, Armeenje. It is de sit fan it Ordinariaat foar Armeenje, Georgje, Ruslân en East-Europa fan de Armeensk-Katolike Tsjerke. De bou fan de katedraal sette yn desimber 2010 útein en waard yn 2015 foltôge. It wie ynearsten it doel om de katedraal de namme "Hillich Krús" te jaan, mar dat feroare yn de "Hillige Martlers" ta neitins fan de hillich ferklearre slachtoffers fan de Armeenske Genoside.
Katedraal fan de Hillige Martlers
Սրբոց Նահատակաց եկեղեցի | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | Sjirak | |
plak | Gjûmri | |
adres | Haghtanak Av. | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 2010-2015 | |
arsjitekt | Hakob Jivanjan | |
offisjele webside | ||
Side fan it ordinariaat |
Op 24 september 2015 waard de katedraal ynwijd troch Krikor Bedros XX Kaprojean, katolyk-patriarch fan de Armeensk-Katolike Tsjerke, en Leonardo Sandri, Leonardo Sandri, prefekt fan de Kongregaasje foar de Easterske Tsjerken. De plechtichheid stie yn it ramt fan de betinking dat de Armeenske Genoside dy't doe in iuw lyn plak fûn. De katedraal krige ta neitins fan de slachtoffers dêrfan (yn 2015 hillige de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke har as martlers) de namme "Katedraal fan de Hillige Martlers".
Tegearre mei katolikos Karekin II brocht paus Fransiskus op 25 juny 2016 in besite oan de katedraal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|