Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Kiëv)

De Patriargale Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Oekraynsk: Патріа́рший собо́р Воскресі́ння Христо́вого УГКЦ) is de haadkatedraal fan 'e Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke. De katedraal stiet yn Kiëv, de haadstêd fan 'e Oekraïne.

Patriargale Katedraal fan de Opstanning fan Kristus
Lokaasje
lân Oekraïne
plak Kiëv
adres Ul. Mykilsko Slobidska, 5
koördinaten 50° 27' N 30° 35' E
Arsjitektuer
boujier 2002-2013
Webside
Side fan de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke
Kaart
Katedraal fan de Opstanning fan Kristus (Kiëv)
Katedraal fan de Opstanning fan Kristus

De katedraal stiet op 'e lofter kant fan 'e Dnjepr en is dêrmei ien fan 'e pear tsjerken fan 'e stêd dy't net op de rjochter kant fan 'e rivier steane.

De tsjerke waard boud yn it ramt fan 'e ferhûzing fan 'e sit fan it grutaartsbisdom fan Lviv nei Kiëv. De iepening fûn yn 2011 troch grutaartsbiskop Svjatoslav Sjevtsjûk plak, wylst de grutaartsbiskop op sneon 17 augustus 2013 de bûtenkant en op snein 18 augustus 2013 it ynterieur fan 'e foltôge katedraal ynwijde. Tûzenen pylgers út ferskate lannen wennen de wijingsplechtichheden by.[1]

Yn 'e 50 meter hege katedraal is plak foar likernôch 1500 minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kiev Pechersk Lavra