Katedraal fan de barmhertige Jezus (Vitebsk)
De Katedraal fan de barmhertige Jezus (Wyt-Russysk: Кафедральны сабор) is in roomsk-katolike katedraal yn Vitebsk, Wyt-Ruslân. It tsjerkegebou is sûnt 19 juny 2011 de biskopstsjerke fan it bisdom Vitebsk.
Katedraal fan de barmhertige Jezus | ||
Lokaasje | ||
lân | Wyt-Ruslân | |
plak | Vitebsk | |
koördinaten | 55° 09' N, 30° 12' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-katolike Tsjerke | |
bisdom | Vitebsk | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 2004-2009 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak fan de hjoeddeiske katedraal waard ynearsten yn it jier 2000 in kapel boud. Op 12 septimber 2004 wijde de oarspronklik út Poalen ôfkomstige biskop Władysław Blin it plein foar de oansteande nijbou yn. De gemeenteried joech yn it midden fan oktober fan dat jier de fergunning foar de bou. De Salvatorianen lieden de bou.
Op 10 oktober 2009 waard de tsjerke plechtich ynwijd troch biskop Vladislav Blin. Njonken de tsjerke waard in parochyhûs boud mei foar de jongerein in moetingssintrum, in ynternetkafé en in teäterromte.
Op 19 juny 2011, op it feest fan Corpus Christi, waard de tsjerke de katedraal fan it bisdom. De tsjerke naam dy status oer fan de Sint-Barbaratsjerke, dy't sûnt 1999 de funksje fan katedraal hân hie.
Foar de katedraal stiet in monumint fan paus Jehannes Paulus II. Poalske katoliken skonken it byld oan it bisdom yn it ramt fan it 30-jierrich jubileum fan 'e ferkiezing fan kardinaal Karol Wojtyła as paus. It monumint op in reade graniten sokkel is 4,5 meter heech en hat in Poalsktalige en in Wyt-Russysktalige ynskripsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|