Kategory oerlis:De Bosk
Wêrom soe dit yn Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân moatte, yn stee fan Kategory:Plak yn Noard-Brabân, sa't it oarspronklik wie? Aliter 2 des 2010, 21.27 (CET)
- Ik tink dat wy, lykas by ferskate Fryske plakken, ûnderskie meitsje moatte tusken in gemeente en in plak. Omdat De Bosk beide is ûntstiet dizze sitewaasje. J'88 2 des 2010, 21.37 (CET)
Dêrom wie dizze kategory Plak, nim ik oan. Ommers, wat hjir, fierders as De Bosk sels, yn sit is De Moriaan, en dy is yn de stêd. Oar hie dizze yn Kategory:Plak yn De Bosk moatten. It neidiel fan sa'n inkelde hiërargy is fansels al dat der dan gjin oersjoch is oer de grinzen hinne. Dat, dan moat der wer in list makke, en byholden wurde fan Plakken yn Noard-Brabân.
Net dat it my útmakket hoe dat oplost wurdt. At it op Wikipedy:Ferwizings#Kategoryen of Wikipedy:Kategoryen, dy't wy ferjitten hawwe gear te bringen, mar dokumintearre wurdt. En dan mei der in oare kear bêst efkes oer neitocht wurde; om my hoecht it net allegear hjoed noch. Aliter 2 des 2010, 22.05 (CET)