Katinka van Haren

Katinka van Haren (Vught, 16 maaie 1961) is in byldzjend keunstner út Dordrecht. Nei har oplieding Aktiviteitebegelieding folge se de oplieding oan de Moade Akademy Charles Montaigne yn Amsterdam mei as ôfstudearrjochting dessinûntwerpen. Folge kursussen by Lenie van Gils (akwarelje), Berckepoort ( tekenje/skilderje , model tekenje/ skilderje en Ab Vroegindewey-Atelier 104 (skilderje)

út: Gorgelrijmen en Gorgelwezens
út: Gorgelrijmen en Gorgelwezens

Nei har ôfstudearjen behearde se mei in groep keunstners in galery en eksposearre sels ek. Yn 2000 krige se in eigen kleurrike galery Voilà oan de Voorstraat yn Dordrecht dat se ek as atelier brûkt. Neist galerys eksposearre hja by projektûntwikkelders, warenhuzen en kantoaren.

Van Haren siket om materialen dy't har ynspirearje en útdaagje. De iene kear is dat oanspield hout, in oare kear in âlde boarstel of stikken tou. Betingst is al dat de materialen natuerlik binne en mei elkoar in ferhaal fertelle.

Har kollaazjes en tekeningen makket se leafst op houten panielen. De trijediminsjonale wurken wurde ynliste wêrtroch't se op harsels komme te stean. De skilderingen hawwe ferskate formaten en ek de sydkanten wurde beskildere. Meast wurdt farve op wetterbasis brûkt, de wurken wurde ôfwurke mei in laklaach.
Boppedat makket hja keramyske objekten.

Yllustraasjes

bewurkje seksje

Yn 2010 makke Katinka yllustraasjes foar it keunstboek "Gorgelrijmen en Gorgelwezens", in hommaazje oan de goargelwêzens út de fantasij fan Cees Buddingh (1918-1985) dat yn april 2011 ferskine sil. Hjirfoar wurke se mei ferskillende materialen en brûkte tekenpotleaden, grafyt, kroantsjespinne en kleure inkten mids fyn útwurke dessins. De wurdwetterfallen oer de Blaubilgoargel, de Simmelot, de Inketpôtfisk of in prakkesearjende Rattelsnoek ynspirearren Van Haren ta de kleurrike potlead- en pinnetekeningen. Yn it wurk binne stikjes fytskeatling, ik kloske jern of in knope tou werom te finen.

  • 2010 Eksposysje yn it Lichthuis te Dordrecht
  • 2008/2009 Eksposysje Ara Hotel te Zwijndrecht
  • 2007 presintaasje by it Kees Buddingh Genoatskip mei keunstwurk “De Blauwbilgorgel”
  • 2007 kultureel Sintrum “Het Evertshuis” te Bodegraven
  • 2007 "C.J.D. Auto Muller" Mercedes en ”Svenscar” Volvo Dordrecht
  • 2005 Eksposysje Galery Haamstede
  • 2004/2005/2006 Kunst Event te Rotterdam
  • 2004 Kunstschouw Schouwen Duivenland
  • 2004 iepeningseksposysje Galerie Voilà, no op Voorstraat 175
  • 2003 Galerie d’Art te Hyères (Frankryk) – Arché types Art International
  • 2003 Holland Art Fair yn De Haach
  • 2003 keunsthannel Jeronymus yn 's Hertogenbosch
  • 2002 mienskiplike eksposysje Galery Voilà
  • 2000 iepeningseksposysje Galery Voilà, doe op Voorstraat 49
  • 1998/1999 Mienskiplike eksposysje Galery "T" te Middelburchg
  • 1999 Mienskiplike eksposysje "Waar woorden te kort schieten" Galery KLEUR te Dordrecht
  • 1998 "de Bijenkorf", De Haach
  • 1997 mienskiplike eksposysje "winterljocht" Galery KLEUR te Dordrecht
  • 1996 Gooi Art Fair te Baarn
  • 1991 Hudig-Langeveldt, Rotterdam (oankeap)
  • 1991 Dr. Sarphatihûs, Amsterdam (oankeap)
  • 1990 Hotel Casa 400, Amsterdam ( oankeap )

Opdrachten wienen der ûnder mear foar partikulieren, skoallen, toskedokterspraktiken, wenningstichtingen en bedriuwen as KPMG Rotterdam en Siemens Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: