Kato Lefkara
Kato Lefkara (Gryksk: Κάτω Λεύκαρα) is in berchdoarp yn it Syprioatyske distrikt Larnaka. Lykas yn it oanbuorjende doarp Pano Lefkara stiet it doarp bekend om de produksje fan Lefkaritika, tradisjoneel borduerwurk.
Kato Lefkara Κάτω Λεύκαρα | ||
Bestjoer | ||
Lân | Syprus | |
Distrikt | Larnaka | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 119 (2021) | |
Oerflak | 11,59 km² | |
Hichte | 480 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 34° 51' N 33° 19' E | |
Offisjele webside | ||
katolefkara.org | ||
Kaart | ||
It plak leit op de súdeastlike útrinners fan it Troodosberchtme op sa'n 480 m hichte. It bekendere Pano Lefkara leit heger en noardlik fan Kato Lefkara.
De omkriten binne foar it grutste part rûch, mar der wurdt yn 'e omjouwing ek oan wynbou en de tylt fan oliven, amandels en fruchten dien.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kato Lefkara fan Wikimedia Commons. |