Katolike Liga (1609)

De Katolike Liga (1609 - 1635) wie in bûn fan katolike Dútske foarstedommen. It wie hartoch Maksimiliaan I fan Beieren dy't de liga stifte. Yn 1609 kamen in soad hearskers fan 'e lytse foarstedommen fan it Hillich Roomske Ryk yn München byinoar om it ferdrach te tekenjen dat in katolyk militêr bûn foar de folgjende njoggen jier betsjutte.

Stifting fan 'e Katolike Liga troch Maksimiliaan I fan Beieren

De Katolike Liga waard in jier stifte nei't de protestantske foarstedommen de Protestantske Uny oprjochten. It doel wie om dêr wjerstân tsjin te bieden. De spannings tusken de twa federaasjes laten úteinliks ta de earste faze fan 'e Tritichjierrige Kriich, ek bekend ûnder de Boheemske Kriich.

Oan 'e ein fan dy tiid briek de kriich út tusken de Boheemske katolike kening Ferdinand II en de protestantske Freark V fan de Palts. De Protestantske Uny stipe Freark V, wylst de Katolike Liga fansels de kant keas fan Ferdinand II. De Katolike Liga fersloech de Protestantske Uny yn 'e Slach op de Wite Berch yn 1620. Dêrmei kaam in ein oan 'e Boheemske Kriich en waard it protestantske Bohemen wer katolyk.

De liga waard yn 1636 mei it ûndertekenjen fan 'e Frede fan Praach troch keizer Ferdinand II en de measte protestantske steaten opheven (net te betiizgjen mei it fredesferdrach fan Praach mear as twa iuwen letter).

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katolike Liga fan Wikimedia Commons.