It Kattegat (Sweedsk: Kattegatt, Deensk: Kattegat) is de brede seestrjitte tusken Denemark en Sweden. It wetter hat in oerflakte fan 22.000 km².

It Kattegat

Ferbining tusken Noardsee en Eastsee Bewurkje

It Kattegat is it middelste part fan de ferbining tusken de Noardsee en de Eastsee. Dy ferbining rint troch it Skagerrak, it Kattegat en dêrnei de trije ferbinings om de Deenske eilannen hinne: de Sont, de Grutte Belt en de Lytse Belt.

Namme Bewurkje

De namme Kattegat komt fan Nederlânske seelju en betsjut kattelûkje of neare trochgong. Deselde namme wurdt ek yn de measte oare talen brûkt, by guon talen wat oars stavere om de útspraak.