Kay Lenz
Kay Ann Lenz (Los Angeles, 4 maart 1953) is in Amearikaansk aktrise.
Kay Lenz | ||
akteur | ||
Kay Lenz yn de trailer fan Breezy | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 4 maart 1953 | |
berteplak | Los Angeles | |
jierren aktyf | 1967-no | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl Kay Lenz |
Libben en wurk
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeLenz waard berne yn Los Angeles as dochter fan Ted Lenz, in produsint/kommintator en Kay Miller Lenz, model/radiotechikus. Se ferskynde op telefyzje as lytse poppe dy't troch in gast fêstholden waard yn in programma dat har heit produsearre.
Wurkpaad
bewurkje seksjeLenz begûn har karriêre mei optredens yn trije ôfleveringen fan This Is the Life doe't se 14 wie. Dêrnei ferskynde geregeld yn soksoarte tf-shows lykas The Andy Griffith Show (ûnder de artystenamme Kay Ann Kemper), Opie's Group (1967) en ek yn poadiumproduksjes. Se hie in lytse rol (as Kay Ann Kemper op de titelrol) yn American Graffiti (1973) as Jane, in famke by in dûns. As aktrise krige hja erkenning foar har titelrol prestaasje as de frijfochten geast yn Breezy, regisearre troch Clint Eastwood, dy't William Holden tige fêsthâld.
Lenz hie gastoptredens yn The Streets of San Francisco, Gunsmoke, MacGyver, McCloud, Cannon, Petrocelli en spile in haadrol yn de film White Line Fever (1975) foardat hja yn 1976 cast waard foar de minyrige Rich Man, Poor Man, dêr't se foar op de nominaasje kaam te stean foar in Emmy Award. Ek yn de ferfolchrige, Rich Man, Poor Man Book II (1977) hold se har rol. Sûnt de jierren tachtich hat hja gastrollen spile yn tal fan telefyzjesearjes.
Yn 1984 ferskynde hja yn Rod Stewarts fideoklip foar it liet "Infatuation". Se wûn in Emmy yn 1989 foar Midnight Caller. Teffens waard se nominearre foar in Emmy foar har rol as flinke abbekaat Maggie Zombro yn it plysje/rjochtbankdrama Reasonable Doubts.
Priveelibben
bewurkje seksjeLenz wie fan 1977 oant en mei 1983 troud mei David Cassidy.
Filmografy
bewurkje seksjeFilms
bewurkje seksjeIn kar:
- 1987 Death Wish 4: The Crackdown – as Karen Sheldon
- 1986 House – as Sandy Sinclair
- 1979 The Passage – as Leah Bergson
- 1973 Breezy – as Breezy
- 1973 American Graffiti – as Jane
Telefyzjerigen
bewurkje seksjeUtsein gastoptredens foar ien kear.
- 2001 Once and Again – as Stephanie Arlen – 2 ôfl.
- 2000 – 2001 Cover Me: Based on the True Life of an FBI Family – as Lisa Ramone – 2 ôfl.
- 1994 – 1997 The Tick – as Amerikaansk fanke – 18 ôfl.
- 1991 – 1993 Reasonable Doubts – as Maggie Zombro – 32 ôfl.
- 1988 – 1989 Midnight Caller – as Tina Cassidy – 3 ôfl.
- 1986 Heart of the City – as Kathy Priester – 2 ôfl.
- 1984 The Fall Guy – as Kim Donnelly – 2 ôfl.
- 1976 – 1977 Rich Man, Poor Man – Book II – as Kate Jordache – 11 ôfl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |