Keatslân (Snits)

It Keatslân is in earder sportpark yn de stêd Snits.

De histoarje fan it sportpark giet werom oant foar 1772. Kronykskriuwer Eelco Napjus skriuwt yn dat jier al oer it sportpark, dat eigendom wie fan it Ald Boarger Weeshûs. It sportpark waard beskreaun as: "Het zogenaamde Kaatsland, het welke aan het Old Burger Weeshuis in Eigendom toebehoort: maar aan de jeugd toegelaten wordt, om daar te oefenen in het kaatsen".[1] Yn 1809 wurdt hjir in wannelplak oanlein.

It fjild soe ek brûkt wurde foar ferskate demonstraasjes, wêrûnder de 1 maaie-demonstraasje fan de Frije Sosjalisten fan 1981.[2] It terrein wurdt ek brûkt as oefenterrein fan de Snitser skutterij.[3]

Begjin tweintichste iuw rjochter de gemeente Snits in ferkearspark yn op it terrein, dat al gau wer sluten wurde sil. [4] Yn de jierren tachtich is KV de Waterpoort de brûker fan it park en wurdt yn 1987 neist it fjild kluphûs Het Praatvak boud.

Yn 2002 slút de gemeente it park om romte te meitsjen foar nijbou. Op it park ferriist it skoalgebou fan de Súdwester.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Snits (1978) Skiednis fan strjitnammen
  2. http://friesscheepvaartmuseum.nl/fsm:col2:dat20008969 Frysk Skipfeartmuseum
  3. http://friesscheepvaartmuseum.nl/fsm:col2:dat20000605 Frysk Skipfeartmuseum
  4. http://friesscheepvaartmuseum.nl/fsm:col2:dat20002181 Frysk Skipfeartmuseum