Kelmis (Frânsk: La Calamine) is in plak en gemeente yn it easten fan België, yn de provinsje Luik.

Kelmis
Flagge Wapen
Polityk
Lân België
Goa Walloanje
Provinsje Luik
Sifers
Ynwennertal 10.869 (2014)
Oerflak 18,12 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 600 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte 10 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.kelmis.be
Lizzing yn it arrondissemint Verviers, provinsje Luik

Oant de opheffing fan it Hartochdom Limboarch hearde it gebiet fan it Kelmis fan no by de Limburgske heechbank Montzen. Lyk as de rest fan it hartochdom waard Kelmis by de anneksaasje fan de Súdlike Nederlannen troch de Frânske Republyk yn 1795 opnaam yn it Ourthedepartemint. De dielgemeenten Kelmis en Neu-Moresnet fan no behearden doe oan de gemeente Moresnet.

De dielgemeente Kelmis wie, út reden fan oanwêzigens fan in wichtige sinkmyn Vieille Montagne dêre, Under de namme Neutraal Moresnet tusken 1815 en 1919 in neutrale sône of kondominium tusken it Keninkryk fan de Nederlannen (letter België) en Prusen. As gefolch fan it ferdrach fan Fersailles waard it gebiet in Belgyske gemeente mei de nije namme Kelmis/La Calamine (nei kalamyn, in oare namme foar sinkspaat of smithsonyt).

Dy gemeente wie yn 't earstoan offisjeel Frânkstalich, hoewol't út taletellingen bliken die dat de grutte mearderheid fan de befolking Dútsk prate. Earst troch de taalwetten fan 1962 waard it in Dútsktalige gemeente, mei foarsjenningen foar de Frânsktaligen. Yn 1977 folge de gearfoeging mei Hergenrath en Nij-Moresnet, dy't itselde taalstatút hiene.

Neist it yn it ûnderwiis en de oerheid brûkte Dútsk, sprekt de pleatslike befolking it regionale dialekt Platdiets, in Limboarchsk dialekt.

Bestjoer 2013-2018

bewurkje seksje

De neifolgjende persoanen sitte yn it bestjoer:

Kolleezje fan boargemaster en skepenen
Boargemaster Louis Goebbels
Skepenen Erik Janssen
Jean Ohn
Veronique Gentges Barth
Nadine Rotheudt
Rosi Kreusch-Ohn
 
Neogotyske tsjerke

Kelmis hat in lange karnavalstradysje mei op Vètte donderdèg in ouw-wieverbal en op Rosenmontag in optoch. Op döllen dinsdig wurdt in baarch bret.

Mien hoes

Mien Oddesj hoes sjteet kleng en reng

I Kelmes, dörpke reng en kleng;

Et Höfke dröm wie beej de boere,

En wentergröön op zen auw moere.

De auwe dörpel! Mär bloo Sjteen!

Do gon ech zoeë gan drövver heen,

In 't hoes woeë eech gebore ben.

Woeë levenslang stönt op ming tsen.


Piet Zimmer - 1939 (Kelmis, 1e strofe)

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De Maria-Hemelvaarttsjerke út 1865 yn neogoatyske styl.
  • Oorlogsmonument op 't kèrkplein oet 1948

Bekende ynwenners

bewurkje seksje