Keltemuseum
It Keltemuseum of Museum fan de Kelten (Frânsk: Musée des Celtes) is in museum yn it Belgyske plak Libramont. It museum waard yn 1998 iepene om de resultaten sjen te litten fan tritich jier archeologyske opgravingen nei de Kelten yn de Ardennen. It Keltemuseum wurdt beheard troch it Centre de recherches archéologiques en Ardenne (CRAA). Tusken 2019 en 2021 waard it Museum fan de Kelten fernijd en is no húsfeste op de earste ferdjipping fan de pleatslike tentoanstellingshal.[1]
It Museum van de Kelten sit yn in eardere pastorij. It museum hat seis útstallingssealen. Oan de hân fan archeologyske fynsten wurdt omtinken jûn oan de Kelten en de skiednis fan de Ardennen. Ferskate fasetten fan it deistich libben wurde beljochte: begraffenisrituelen, hannel, klean, wenningen, ark, ensfh.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Musée des Celtes fan Wikimedia Commons. |