Kerguëlenplato
It Kerguëlenplato is in paleokontinint dat suver hielendal ûnderseesk leit; it bestiet út fulkanysk stientme. De krite dy't likernôch trijeris de grutte fan Japan hat, leit yn de Yndyske Oseaan benoarden Antarktika en 3000 kilometer súdwestlik fan Austraalje. De lingte fan it plato fan noardwest nei súdeast is mear as 2200 km en it leit tusken de 1000 en 2000 meter ûnder seenivo.
It plato is ûntstien doe't de Kerguëlen-hotspot aktyf wie, by it brekken fan it kontinint Gondwana, sa'n 130 miljoen jier lyn. Lytse parten fan it plato stekke boppe seenivo út: de Kerguëlen-arsjipel, Heard en de McDonaldeilannen. Op de lêste eilannen is noch hieltyd fulkanisme.
Paleokontinint
bewurkje seksjeYn it Kryt waard in hotspot aktyf dy't in grutte hoemannichte útfloeingsstientme produsearre. De fynst fan boaiemlagen mei stienkoal en konglomeraten suggerearet dat it basaltyske fulkanisme boppe wetter barde. Yn it iere Eoseen soe it plato oerdutsen west hawwe mei in tropyske floara en fauna. It mikrokontinint sonk sa'n 20 miljoen jier lyn.