Khadija Arib (berne yn Hedami, Marokko op 10 oktober 1960) is in Nederlânske politikus fan Marokkaanske komôf. Hja wie mei in lytse ûnderbrekking fan 19 maaie 1998 oant en mei 3 novimber 2002 foar de PvdA lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Fan 13 jannewaris 2016 oant en mei 7 april 2021 wie hja foarsitter fan de Twadde Keamer nei't hja sûnt 12 desimber 2015 dy posysje waarnimmend ferfolle.

Khadija Arib
Algemien
Berne 10 oktober 1960
Berteplak Hedami, Marokko
Partij Partij fan de Arbeid
Politike funksjes
1998-2006 lid Twadde Keamer
2006-2022 lid Twadde Keamer
2016-2021 foarsitter fan de Twadde Keamer

Khadija Arib waard berne op 10 oktober 1960 yn Hedami, in doarp yn 'e Marokkaanske provinsje Settat tichteby de stêd Kasablanka. Hja wie iennichst bern en kaam yn it ramt fan gesinswereniging yn 'e âldens fan 15 jier nei Nederlân, dêr't har heit as gastarbeider wurke. Fjouwer jier letter ferstoar har heit. Hja studearre maatskiplik wurk en de fuortsette oplieding maatskiplik wurk oan de Sosjale Akademy yn Amsterdam en sosjology oan de Universiteit fan Amsterdam.

Nei har stúdzje wurke hja as meiwurker by wolwêzensstiftings yn Breda en Utert, meiwurker Ynstitút foar Sosjale en Ekonomyske Stúdzjes oan de Erasmus Univeriteit yn Rotterdam en waarnimmend haad en senior-beliedsmeiwurker by de maatskiplike Opfang en Sûnenssoarch yn Amsterdam. Yn 1982 wie hja meioprjochter en foarsitter fan de Marokkaanske Frouljusferiening yn Nederlân. Arib waard yn 1989 in pear dagen finzen set yn in Marokkaanske plysjesel, om 't hja har yn 't iepenbier ynset hie foar de posysje fan froulju dêr. De Nederlânske minister fan Utlânske Saken moast der by komme om har wer nei Nederlân te krijen.

Twadde Keamer

bewurkje seksje

By de Twadde Keamerferkiezings fan 1998 waard hja yn it parlemint keazen en op 19 maaie dat jier beëdige. Hja hold har yn 'e Twadde Keamer fral dwaande mei de sûnenssoarch en de sedewetjouwing. Yn 2001 tsjinne hja in inisjatyfútstel yn om in Berneombudsman yn te stellen.

Yn 'e fraksje waard Arib bekend as in ûnôfhinklike frou mei in eigen sin. Hja doarde ek tsjin har doetiidske fraksjelieder Wouter Bos yn te gean en wie bygelyks in grut tsjinstanner fan de oarloch yn Irak yn 2003 en neamde dy ûnrjochtmjittich.[1]

Begjin 2006 presintearre hja in útstel om de bernestjerte yn Nederlân werom te kringen, benammen ûnder froulju yn Nederlân mei in migraasjeeftergrûn. By de Twadde Keamerferkiezings fan 2006 waard Arib op in 34e plak fan de PvdA-kandidatelist set en dat wie te leech om op 'e nij keazen te wurden. Oant 30 novimber bleau hja lid fan de Twadde Keamer, mar nei in koarte ûnderbrekking krige hja op 1 maart 2007 dochs wer in plak yn it parlemint, nei't seis leden fan de PvdA-fraksje in plak krigen yn it kabinet-Balkenende IV.

 
Khadija Arib op de Canal Parade yn Amsterdam

Nei't hja yn novimber 2006 net werom kaam yn 'e Twadde Keamer waard Arib lid fan in wurkgroep, dy't it Conseil Consultatif des Droits de l'Homme, in ried foar de minskerjochten yn Marokko dy't advisearje moast oer in nij Marokkaansk migraasjebelied. Dy funksje soarge foar fragen doe't hja dochs wer yn 'e Keamer kaam om't dy mooglik nauwe bannen mei de Marokkaanske kening ynhâlde koe. De saak waard ûndersocht troch Arib's fraksjegenoat Jeroen Dijsselbloem en dy konkludearre dat har wurk poerbêst te ferdigenjen wie; tydlik, ûnbetelle en ûnôfhinklik.

Fan 17 novimber 2010 oant 20 novimber 2012 wie hja foarsitter fan de Algemien Kommisje foar it Jongereinbeleid fan de Twadde Keamer fan 'e Steaten-Generaal. Yn 2011 ferskynde har boek "Allah heeft ons zo gemaakt" dêr't Arib yn omtinken frege foar de posysje fan lesbyske froulju yn 'e islamityske wrâld.

Yn septimber 2012 stelde Arib har kandidaat foar it foarsitterskip fan de Twadde Keamer as opfolger fan har partijgenoat Gerdi Verbeet. Hja ferlear lykwols mei 90 tsjin 56 stimmen yn 'e tredde stimronde fan de VVD-er Anouchka van Miltenburg. Arib waard sûnt 1 novimber earste ûnderfoarsitter.

Keamerfoarsitter

bewurkje seksje

Nei in swak keamerfoarsitterskip fan Anouchka van Miltenburg [2] stelde Arib har wer kandidaat en mei 83 tsjin 51 stimmen wûn hja fan de VVD-er Ton Elias.[3] Arib krige by har oantreden de opdracht fan de Twadde Keamer om de amtlike organisaasje te reorganisearjen en oarder op saken te setten. Om't de PVV in prinsipieel tsjinstanner is fan in dûbel paspoart, stimde dy partij tsjin Arib as Keamerfoarsitte. PVV-lieder Geert Wilders neamde de ferkiezing fan Khadija Arib in "swarte dei yn de parlemintêre skiednis". Arib joech as reaksje dat hja Keamerfoarsitter wêze woe foar alle keamerleden: "hja mei sizze wat hja fine, mar ik bin foarsitter fan de hiele Keamer en ek fan de PVV".[4] Arib wist de PVV te oertsjûgjen fan har kwaliteiten en hja waard letter troch de PVV "de bêste foarsitter ea" neamd.[5] Ek VVD-er Halbe Zijlstra hie ynearsten beswier tsjin Arib, mar moast ek al gau tajaan dat hja it goed die.

 
Groepsfoto 2017 fan Twadde Keamerfoarsitters f.l.n.r.: Wim Deetman, Anouchka van Miltenburg, Piet Bukman, Gerdi Verbeet, Dick Dolman, Khadija Arib, Frans Weisglas en Jeltje van Nieuwenhoven

Ien fan har earste dieden wie de reorganisaasje fan it personiel om har hinne om't hja ôf woe fan it grutte tal meiwurkers dat Van Miltenburg om har hinne sammele hie. Spytgnyskjend waard dat grutte tal meiwurkers wol de bûntkraach neamd.[6] Al gau die bliken dat de heechste amtners, de griffier en twa direkteuren, dy't noch net lang yn tsjinst wiene it net goed mei Arib fine koene.[7]

 
Arib yn 2017

Yn 2018 wie der in opfallend fûle wurdestriid tusken DENK en Arib, nei't dy partij klage dat hja yn de tsjinstauto ek oare keamerleden meiliftsje liet as dy deselde kant út moasten, fral om 't ek PVV keamerlid Bosma wol ris in lift krige fan Arib. Arib fjurre fan har ôf en neamde de krityk fan DENK fûlbekkerij.[8] Hja naam ek fûl stelling tsjin de yntimidearjende filmkes fan DENK foar de keamerleden oer mei in Turkske eftergrûn, doe 't dy harren bygelyks útsprieken foar de erkenning fan de Armeenske genoside. Hja ûndertekene dêr sels in moasje oer, wat mar hiel selden dien wurdt troch in Keamerfoarsitter.[9]. Yn 2020 wie Arib krityk op keamerleden, wêrfan guon neffens har fierstentefolle tiid sieten te fergriemen mei harren mobyltjes (neffens in ûndersyk 38% fan de totale tiid).[10] Ek joech hja yn har ôfskiedredes foar fertrekkende keamerleden sûnder omhaal krityk as dy keamerleden harren termyn net útsieten. As Keamerfoarsitter wie Arib net benaud om by debatten yn te gripen en hja wie fûl op it regear as it om it rjocht fan ynformaasje foar keamerleden gie.[11] It wiene fral sokke foarfallen dy't Arib by it publyk hiel populêr makke.

Arib werstelde as Keamerfoarsitter it gesach fan de Keamer en oer it algemien wie de Keamer tefreden oer har wurk. Mar by it hegere personiel lei dat oars. Dy ferwieten Arib dat hja gjin tsjinspraak ferneare koe.[12] Arib krige yn 2020 lêst fan anonime klachten oer har funksjoneren.[13] Yn dy tiid wiene der Dêrnjonken rekke Arib ek yn tsjok waar mei steatssekretaris Raymond Knops (Ynlânske Saken) oer de renovaasje fan it Binnenhôf yn De Haach.[14]

Kandidaatstelling Keamerfoarsitter nije termyn

bewurkje seksje

Nei't bekend waard dat Arib har yn april op 'e nij kandidaat stelle woe as Keamerfoarsitter, waarden stikken yn 'e media publisearre mei swiere beskuldigingen oan it adres fan Arib. De boarnen wiene anonym mar wiene neffens de berjochten ôfkomstich fan topamtners en âld-politisi. Neffens de klachten soe Arib de demokratsy ûnderstek dwaan en die hja alles om by de PVV yn 'e geunst te kommen. [15] Letter, yn 2022, soe Arib har opfolger Vera Bergkamp der fan beskuldigje dat hja by dy publikaasje in rol spile hie.[16]

Op 16 april 2021 waard as nije foarsitter D66-er Vera Bergkamp keazen. By de earste stimronde krige Bergkamp fuortendaliks de stipe fan 74 fan de 139 útbrochte stimmen. Flak foar dy tiid waard bekend dat Kaag mei Rutte belle hie om him te ynformearjen dat hja in kandidaat hie foar it Keamerfoarsitterskip.[17] Nei de ferkiezings foar in nije foarsitter ferskynden berjochten yn 'e media dat de kar foar Vera Bergkamp as in deal tusken VVD en D66 útlein wurde koe, om sa de relaasje tusken de twa partijen te ferbetterjen en dat de hiele VVD-fraksje op oanstjoering fan Rutte foar de D66-kandidaat keazen hie.[18].

"Skrikbewâld"

bewurkje seksje

Ein juny 2022 waard Arib keazen as foarsitter fan de Tydlike Kommisje Korona, dy't it tariedende wurk dwaan moat foar in parlemintêre enkête oer it Koronabelied.[19]. Dat wie de oanlieding foar it skriuwen fan twa anonime brieven oan it presidium fan de Keamer, mei it ferwyt dat Arib har earder as Keamerfoarsitter skuldig makke hie oan "machtsmisbrûk" en it fieren fan in "skrikbewâld". It presidium kundige nei oanlieding fan dy anonime klachten in ûndersyk oan, eat dat Arib sels yn 'e krante lêze moast. It wie doe dat Arib har opfolger Vera Bergkamp fan 'lilke polityk' beskuldige en dat dy har no foar de twadde kear "in dolk yn 'e rêch" stuts.[20][21] Op sosjale media gyng de beskuldigjende finger fan it lekken fan it ûndersyk nei de parse nei D66, mar yn in reaksje op fragen dêroer ûntkende D66-fraksjelieder Jan Paternotte dat. [22]

In oantal keamerleden skreaune in brief nei it presidium en easken opheldering fan saken. It feit dat der gjin PvdA-er wie dy't de brief meiûndertekene en de brek oan stipe fan har PvdA-kollega's foel Khadija Arib hiel swier. Yn in troch har publisearre brief fan 1 oktober 2022 neamde hja it ien fan de redenen werom't hja langer net funksjonearje koe as keamerlid. Nei 24 jier kaam der foar Arib in ein oan har oanwêzigens op it Binnenhôf. Hja wie op dat stuit ien fan de langst sittende keamerleden yn de Twadde Keamer.[23][24]

It ûndersyk

bewurkje seksje

Bergkamp joech op fersyk fan it presidium de opdracht om in ûndersyk út te fieren oan in kommersjeel resjerzjeburo, wylst topamtner Jorine Wolff fan Vera Bergkamp de lieding krige. Begjin novimber stjoerden trije ûngerêste heechleararen in brief nei de Twadde Keamer mei foarse krityk op it ûndersyk nei Arib.[25] Allinne al de opdracht foar it ûndersyk rammele en fierder fûnen de heechleararen it net goed dat it ûndersyk him allinne op Arib rjochte sûnder de rol fan de griffiers, de leden fan it presidium en Bergkamp dêr yn mei te nimmen. Dy en oare krityk brochten de Keamer der ta om it ûndersyk út te stellen.[26] De PVV en de Partij foar de Dieren easken sels folsleine stopsetting fan it ûndersyk, mar de Keamer wie ynearsten tefreden mei in tydlike stop fan it ûndersyk. Dêr oerhinne die oardel wike letter bliken dat ien fan de anonime klagers topamtner Jorine Wolff sels wie, dy't ek it ûndersyk liede woe.[27]. Yn de Twadde Keamer wie ek dêr in soad krityk op en neffens heechlearaar Rob van Eijbergen koe soks hielendal net, om 't Wolff as ien fan de klagers al in oardiel klear hie oer de útkomst fan in ûndersyk dat noch net iens begûn wie.[28] Bergkamp wegere lykwols Wolff fan it ûndersyk te heljen. Op 11 novimber waard bekend dat de hiele ambtlike top fan de Twadde Keamer om de saak-Arib opstapte.[29]

Op 21 desimber waard op 'e nij mei it ûndersyk útein set en no hiene it presidium en de griffier trije oare wittenskippers beneamd om it ûndersyk nei de meldings oer Arib te begelieden.[30].

Op in harksitting fan 3 july 2023 waard Arib mei de eardere ferkenners Annemarie Joritsma en Kajsa Ollongren befrege oer it Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt en de funcie-elders-saak.[31] Hja hie earder op fersyk fan de Twadde Keamer in reaksje jûn op in útstjoering fan Nieuwsuur, wêryn bekend waard dat hja in petear hân hie mei Jorritsma en Ollongren doe't dy útein setten as ferkenners foar de kabinetsformaasje. Yn dy reaksje skreau hja dat Jorritsma en Ollongren dat petear yn maart oanfrege hiene en dat Jorritsma yn it keamerlid Pieter Omtzigt in probleem en in risiko foar it te formearjen kabinet-Rutte IV seach.[32] en dat hja dêr beswier tsjin makke hie.

Nei mear as acht moanne relative stilte oer it ûndersyk dat him taspitst op de ynhâld fan twa anonime brieven sei Khadija Arib yn it programma Zomergasten dat hja noch jimmeroan net wit wat de beskuldigingen oan har adres ynhâlde. Ek sei Arib net earder har meiwurking oan it ûndersyk te ferlienen, nei't hja alle stikken dy't yn it ramt fan it ûndersyk oanlevere binne sels ynsjoen hie. Arib sei ek dat hja nei al dy tiid no in abbekaat ynskeakele hie om it krijen fan de stikken ôf te twingen, sadat hja wit tsjin wa en tsjin wat hja har ferdigenje moat.[33]

Publikaasjes

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NRC, PvdA'ers gaan morrend akkoord met leider Bos, 26 maart 2003
  2. Twadde Keamer: Anouchka van Miltenburg afgetreden als Kamervoorzitter, 14 desimber 2015
  3. Elsevier, Khadija Arib volgt van Miltenburg op als Tweede Kamervoorzitter, 13 jannewaris 2016
  4. De Telegraaf, Wilders: zwarte dag voor nepparlement, 13 jannewaris 2016
  5. Nederlânsk Deiblêd, De beste Kamervoorzitter tot nu toe, 28 maart 2017
  6. NRC, De Kamervoorzitter heeft weer aanzien 17 maaie 2016
  7. NRC, De Kamervoorzitter heeft weer aanzien 17 maaie 2016
  8. NOS, Kamervoorzitter verwijt Denk vuilspuiterij over meeliftende Kamerleden, 11 juni 2018
  9. NOS, Tweede Kamerleden staan op tegen 'intimiderende' filmpjes Denk, 13 maart 2019
  10. De Telegraaf, Kamervoorzitter Arib: veel klachten over appende Kamerleden, 16 jannewaris 2020
  11. Trou, De "beste Kamervoorzitter" in jaren kreeg keer op keer anonieme kritiek, 2 oktober 2022
  12. NRC, Weer topambtenaar Kamer weg na conflict met Arib, 8 juny 2017.
  13. Trou, De "beste Kamervoorzitter" in jaren kreeg keer op keer anonieme kritiek, 2 oktober 2022
  14. Parool, Kabinet op ramkoers over verhuizing Tweede Kamer: ‘Het móet gebeuren’, 8 desimber 2020
  15. RTL Nijs, Verzet tegen nieuwe termijn voor Kamervoorzitter Arib: 'Ze is achterbaks' , 24 febrewaris 2021
  16. Algemien Deiblêd, Oud-Kamervoorzitter Arib woest na klachten over ‘schrikbewind’: ‘Vera Bergkamp steekt dolk in mijn rug’ , 28 septimber 2022
  17. Ljouwerter Krante, Kaag meldde D66-kandidatuur Kamervoorzitterschap aan Rutte, 6 april 2021
  18. Ditjes en Datjes, 7 april 2021
  19. RTL Nijs, PvdA'er Arib voorzitter parlementaire enquête corona, 30 juny 2022
  20. Algemien Deiblêd, Oud-Kamervoorzitter Arib woest na klachten over ‘schrikbewind’: ‘Vera Bergkamp steekt dolk in mijn rug’ 28 septimber 2022
  21. NOS, Arib werkt niet mee aan onderzoek: 'Politieke afrekening Bergkamp' , 29 septimber 2022
  22. NPO 1 WNL Vandaag, 29 septimber 2022
  23. Twitter Khadija Arib: ôfskiedsbrief
  24. Parool, Khadija Arib vertrekt uit de Kamer: ‘verdomd goede voorzitter’ , 2 oktober 2022
  25. Accountant, Hoogleraren kritisch over onderzoek naar oud-Kamervoorzitter Arib, 2 novimber 2022
  26. NOS, Onderzoek oud-Kamervoorzitter Arib opgeschort na kritiek over aanpak, 1 novimber 2022
  27. Accountant, Topambtenaar die klacht indiende over Arib leidt zelf onderzoek, 10 novimber 2022
  28. BNN VARA, Topambtenaar die onderzoek naar Arib leidt, heeft zelf geklaagd over de voormalige Kamervoorzitter, 10 noviember 2022
  29. De Limburger, Ambtelijke top Tweede Kamer stapt op om zaak-Arib, 11 novimber 2022
  30. NRC, Drie wetenschappers benoemd om onderzoek-Arib te begeleiden, 21 desimber 2022
  31. NOS, Jorritsma, Ollongren en Arib gehoord over 'positie Omtzigt, functie elders, 3 july 2023
  32. De Telegraaf, Arib: Verkenner Jorritsma noemde Omtzigt een probleem en een risico, 21 juny 2021
  33. De Volkskrant, Het is eigenlijk een wonder dat Khadija Arib nu pas op haar strepen gaat staan, 8 augustus 2023