Kies
In kies (meartal: kiezzen) is in soarte fan grutte, ôfplatte tosk, dy't by minsken en in soad bisten oan 'e sydkanten yn 'e mûle stiet, fierder nei efteren as de 'echte' tosken. De skieding tusken de 'echte' of 'gewoane' tosken en de kiezzen wurdt foarme troch de hoektosken.
Oantal en soarten kiezzen
bewurkje seksjeBy minsken kinne fan foarren nei efteren yn 'e mûle ferskate soarten kiezzen ûnderskaat wurde:
- de falske kies of premolaar, fuort efter de hoektosk, dy't troch toskhielkundigen net altyd ta de kiezzen rekkene wurdt
- de 'echte' kies of molaar
- de ferstânskies of trêde molaar
Dêropta hawwe bern noch in oar soarte kiezzen, de molkkiezzen, dy't ûnderdiel útmeitsje fan it molkgebit.
Folwoeksenen hawwe normaalwei 20 kiezzen, de premolaren meirekkene. De ferstânskiezzen brekke lykwols lang net by eltsenien troch, mei as gefolch dat der ek in protte minsken binne dy't mar oer 16 kiezzen beskikke. Fierders kin it fansels wêze dat ien of mear kiezzen ûntbrekke om't se troch de toskedokter lutsen binne; dat bart bygelyks as de kies rot is, of as der te min romte yn 'e mûle is en de kiezzen te ticht opinoar steane. Dat lêste probleem kin ferholpen wurde troch ien kies te ferwiderjen en de rest dêrnei in skoft fan in bûgel te foarsjen.
Funksje en anatomy
bewurkje seksjeKiezzen fermealle (kôgje) it iten mei in rûngeande beweging. Om dy funksje te ferfoljen, hawwe se yn mesiodistale rjochting (fan foarren nei efteren) in dûbele knobbelstruktuer. As in kies faak brûkt wurdt, sille de knobbels stadichoan ôfslite en dêrtroch flakker wurde. By sûchdieren binne kiezzen yn de kaak ferankere mei in woartel. It part fan 'e kies dat boppe de kaak útstiket, hjit de kroan. Dy wurdt beskerme troch in laachje fan hurd toskglazuer. Binnenyn de toskbonke fan kiezzen sit in holte dy't folle is mei bloedfetten en senuwen.
Oandwanings
bewurkje seksjeKiezzen binne gefoelich foar waarmte, kjeld en skansearrings. As men yn in kies kariës (yn 'e folksmûle: in gatsje) hat, fielt men dat fia de pinereseptoaren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|