King Nothing is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken 1 maaie 1995 en 1 febrewaris 1996, en útbrocht waard op it album Load, fan Metallica út 1996. 'King Nothing wie it fiifde nûmer op it album en waard op 7 jannewaris 1997 útbrocht as fjirde single fan it album.

King Nothing
algemiene ynformaasje
B-kant Ain't My Bitch (live)
artyst Metallica
album Load
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 7 jannewaris 1997
opnommen 1 maaie 1995 - 1 febrewaris 1996
doer 5:28
label Elektra
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich,
Kirk Hammett
produsint James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
fideoclip
Metallica: King Nothing (Official Music Video)

Oer it nûmer

bewurkje seksje

It liet is basearre op it tema "wês foarsichtich mei watsto wolst". De teksten ferbyldzje in man dy't gewoan de kening wêze wol en him nearne oars drok om makket. Dit liedt úteinlik ta syn ûndergong, sa't te sjen is yn "And it all crashes down, and you break your crown". It nûmer begjint mei in basriff dy 't him ûntwikkelet ta de haadriff fan it nûmer.