Kingjen of kingbal is in balspul foar bern. It wurdt spile mei fjouwer fekken en in goed stuitsjende bal. Der binne fjouwer oant seis spilers. Yn elk fek stiet in spiler, ien fan de spilers is de "king" (kening). It doel fan it spul is om yn it fek fan de King te kommen troch de bal op in manier te spyljen dat de oare spilers de bal net goed weromspylje kinne. Kingjen kin spile wurde mei in goed stuitsjende follybal of tennisbal. It spylfjild is in fjouwerkant dat makke wurdt troch 4 grutte stappen foar elke kant te nimmen. It krytstreek jout it plak foar de wachtrige oan.

Kingbalfjild

Der binne fjouwer fjouwerkante fekken mei ien spiler yn elk fek. De fekken foarmje mei-inoar in grut fjouwerkant. Yn de binnehoeken fan de fjouwer fakjes stean de letters G, I, N en K en dizze letters hawwe in hiërargy, it fak mei K is it fek fan de 'Kening'. Yn it fek mei de letter K stiet noch in lyts fjouwerkantsje yn de fierste hoeke tekene. Dit is it opslachfek. Yn it fek fan de letter N wurdt oan de binnenkant ek in lyts fjouwerkantsje tekene.

De útdaging is om de titel 'Kening' te feroverjen en te hâlden. It spul begjint as de 'Kening' mei beide hannen de bal yn ien fan de lytse fekken I, N of G goait. De spiler yn dit fek pakt de bal op en smyt de bal yn in oar fek ensfh... De bal mei mar ien kear yn in fek stuitsje. Wa't de bal faker stuitsje lit of bûten it fek slacht is ôf. Wa't de 'flater' makke hat is ôf en komt bûten it spylfjild te stean.

In wachtsjende spiler (ien dy ‘t bûten de linen stie te wachtsjen) begjint it spul op de letter G. De rest fan de spilers skoot ien plak op nei N of heger as hy al yn in heger fek stie.

Lokale regels

bewurkje seksje

Neist dizze basisregels besteane in protte pleatslike regels. Bygelyks oer hoefolle fouten in King slaan mei, of at in spiler de bal lang oanreitsje mei ('kleve') of hoe faak at der opslein wurde mei. Der kin ek mei strafpunten spile wurde. Elke fout jout dan in strafpunt. Ien is dan ôf nei in bepaald tal strafpunten (bygelyks 3).

Der binne ek ekstra regels oer it helpen fan elkoar yn in fek. De bal moat bygelyks earst yn it eigen fek en dan yn in oar fek stuitsje. De ûntfangende spiler moat de bal direkt werom stuitsje litte nei maksimaal ien stuit in it eigen fek.

Ynstee fan dat de bal pakt wurde mei, wurdt it no de bal 'slein': De 'Kening' slacht mei de hân, út de fierste hoeke, de bal yn fek N. De spiler út dit fek slacht de bal werom nei in oar fek ensfh... De bal mei mar ien kear yn in fek stuitsje. As de bal faker stuitet of bûten alle fekken giet, dan is dejinge dy't de 'flater' makket ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: