The Kinks

(Trochferwiisd fan Kinks (Band))

The Kinks wie in Ingelske popgroep dy’t begjin jierren sechstich oprjochte waard troch de bruorren Ray Davies en Dave Davies út Muswell Hill (Noard-Londen). Sy hiene in grutte ynfloed op de muzyk yn de sixties. Ray Davies wie de sjonger en lietsjeskriuwer en Dave Davies de gitaarspiler en sjonger. De groep bestie fierder út Pete Quaife (basgitaar) en Mick Avory (drums).

The Kinks
The Kinks 1966. Ray Davies, Dave Davies, Mick Avory, Pete Quaife

De Kinks spilen yn it begjin beatmuzyk mei rhythm and blues ynfloeden. De earste twa ferskes dy’t sy útbrochten wiene net sa suksesfûl, dat kaam pas mei harren tredde single, it lûde en dynamyske “You Really Got Me”, dat yn 1978 ek nochris opnaam is troch de hardrockband Van Halen.

Ray Davies skreau fan 1966 ôf mear nostalgyske en yntrospektive ferskes. De muzyk krige ek mear tradisjoniele Britske ynfloeden lykas Music Hall en Ingelske folksmuzyk. Grut sukses krigen se yn de simmer fan 1966 mei “Dedicated Follower of Fashion” en “ Sunny Afternoon” De Kinks wie ien fan de earste bands dy’t in “konseptalbum” makke, “The Village Green Preservation Society “ út 1968. Dêrnei kamen ûnder oaren “Arthur (Or the Decline and Fall of the British Empire)” (1969), “Lola versus Powerman and the Moneygoround, part one)” út 1970, “Mushwell Hillbillies “ út 1971, “Everybody’s in Showbizz” (1972) en noch in tal albums. By it grutte publyk hienen hja mear sukses mei de singles as mei de albums.

It meatst bekende liet fan de Kinks is Lola út 1970, dat oer in jonge man giet dy’t yn in nachtklup in frou moetet dy ’t in man blykt te wêzen. Dat wie yn dy tiid frijwat kontrofersjeel. Ferskate stjoerders fûnen it gjin fatsoenlik ûnderwerp en woenen it liet net ôfspylje. De plaat waard lykwols wol in soad ferkocht en stie trije wiken op nûmer 1 yn de Top 40. Tsien jier letter hat “Lola” nochris op nûmer ien stien, doe yn in live-útfiering.

Nei 1975 gongen the Kinks wer mear hardrock spyljen. Fan de orizjinele band wienen op it lêst alinne de bruorren Davies noch oer. Sy hienen sa no en dan noch wol wat súkses, mar dat waard hieltyd minder. Letter koenen de broers mar min mei elkoar oerwei. Oant de jierren njoggentich bleaune sy albums meitsjen, mar Dave Davies wol net mear mei syn broer op ien poadium stean.

The Kinks hiene fiif nûmer-ien-hits yn Nederlân:

  • Dedicated Follower Of Fashion (1966)
  • Sunny Afternoon (1966)
  • Waterloo Sunset (1967)
  • Lola (1970)
  • Lola (Live) (1980)

Keppelings om utens

bewurkje seksje