Kirillov

in stêd yn Ruslân

Kirillov (Russysk: Кириллов) is in lytste stêd yn it noardwesten fan Ruslân. It plak leit yn de oblast Vologda.

Kirillov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vologda
Sifers
Ynwennertal 7.371 (2021)
Oerflak 12 km²
Hichte 120 m
Oar
Stifting 1397
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 59° 52' N 38° 23' E
Webside Side Kirillov

De stêd leit likernôch 130 kilometer noardwestlik fan Vologda, de haadstêd fan it oblast, yn in marregebiet en oan it noardlike Dvinakanaal, dy't de rivieren de Wolga en de Noardlike Dvina meiïnoar ferbynt. Kirillov is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme.

Kirillov ûntstie as delsetting (sloboda) by it yn 1397 stifte otterdokse Kirillo-Belozerski-kleaster, dat oant yn de 17e iuw it belangrykste religieuze en kulturele sintrum fan it russyske noarden wie. Kirillov krige yn 1776 stedsrjochten.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Njonken it Kirillo-Belozerski-kleaster binne der yn de omkriten fan de stêd noch in pear kleasters bewarre bleaun, lykas it 7 kilometer fierderop oan de kant fan de Sjeksna lizzende Goritsi-Opstanningskleaster út 1544 en it 20 kilometer fierder op lizzende Feranpontovkleaster út 1398.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Demografyske ûntwikkeling fan Kirillov fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 4.306 4.276 5.280 6.055 6.285 7.320 8.817 8.229 7.728 7.482