Kitty Meijering (Alkmaar 1974), is in byldzjend keunstner út Heiloo. Sy slagge yn 1998 oan de learareoplieding fan de Hegeskoalle fan Amsterdam. Foar har ôfstudearprojekt byldzjende foarming makke se benammen bedêste neakten en modelstúdzjes.

Nije skuon

Sûnt 2000 skildert Kitty aktyf. Op har reizen en fakânsjes docht se in soad ynspiraasje op, en dan benammen de kleuren en motiven fan klean, stêden, merken en gebouwen. Har artistike figueren dogge wat betsjoenjend oan troch de waarme kleuren.

Har abstrakte skilderingen wikselje skilderijen mei mear herkenbere eleminten ôf. De kombinaasje fan kleuren en foarmen jouwe faak wat in mystike sfear. Meijering wurket mei materialen as kollaazje, akryl, potlead en stof.

In nij tema fan har is Dûns en Ballet. It jout har de kâns om har eardere styl te kombinearjen mei beweging en emoasje.

Eksposysjes fan Kitty Meijering wienen yn galerys yn Hillegom en Katwyk en in fêste tentoanstelling is te sjen yn Masée Home Decorating yn Alkmaar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: