Klaas Bijlsma (Frjentsjer, 27 novimber 1890 - dêre, 23 maart 1975) wie jurist en Twadde Keamerlid.

Klaas Bijlsma

Bijlsma syn heit, Pieter Bijlsma, hie in gruthannel yn ierdappels yn Frjentsjer en wie ek gemeenteriedslid. Syn mem wie Jetske Hannema. Bijlsma troude twaris: yn 1913 mei Ytje Miedema en yn 1916 mei Klaasje Kuperus; hy hie ien dochter.

Bijlsma wie sûnt 1927 notaris en sûnt 1929 foarsitter fan de PC (bynamme 'Mr. PC'). Fan 1929 oant 1973 iepene hy de PC as "bjusterbaarlike dei".

Foar de Frijsinnich Demokraten (1938-1945) siet er yn de Twadde Keamer as opfolger fan Oud. Hy spriek yn de Keamer benammen oer ferkear, sosjale saken, finansjen en oer binnenlânske saken. Nei de oarloch lid fan de PvdA en fan 1948 ôf fan de VVD, mar ek belutsen by de it op 'en nij oprjochtsjen fan it Frijsinnich Demokratysk Bûn (VDB) yn 1953. De partij helle it lykwols net. Hy waard, lykas in protte oare politisy, fan 4 maaie 1942 oant en mei 19 april 1943 ynternearre yn it Gizelderskamp Sint-Michielsgestel.

Ferfolde teffens hûnderten sprekbeurten foar it Folksûnderwiis as bestjoerslid fan it gewest Fryslân en ferfolde fierders noch in protte maatskiplike funksjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Bijlsma, Klaas.
  • Biografy op Europa NU