Klaas Uilkema
Klaas Uilkema (Grou, 2 oktober 1873 - Grins, 3 febrewaris 1944) wie in boeresoan en ûnderwizer (û.o. yn Ljouwert oant 1923) mei de akte lânbou-ûnderwiis. Hy wie ien fan de earsten dy't de Fryske pleats bestudearren en it ûntstean fan de kop-hals-romppleats begrypten.[1] Hy bestudearre ek oare pleatstypen, mar kaam net ta publikaasje fan de resultaten yn in boek, mar wol yn stensilform [2].
Yn 1908 en neifolgjende jierren die er ûndersyk nei it Fryske fee en krige er belangstelling foar histoaryske kowestâling en de fernijing derfan. Hy sammele gegevens oer Fryske pleatsen en fûn flaters yn it boek fan J.H. Gallée [3], wat late ta syn earste boek. [4] De Leidske heechlearaar Durk van Blom en Uilkema stelden in plan op, om Uilkema's Fryske ûndersyk út te wreidzjen oant hiel Nederlân ûnder tafersjoch fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, dêr't Van Blom lid fan wie. Mar letter betelle Uilkema it ûndersyk foar in part sels, mei stipe fan it Fonds Landbouw Export Bureau (1914-1918). Tusken 1918 en 1933 die Uilkema sa'n 400 opmjittings fan buorkerijen en makke er tûzenen foto's. Boutechnyske histoaryske feroaringen fan pleatsen ferklearre Uilkema troch in feroaring fan de funksje fan de pleats. Publikaasje fan de resultaten fan it lanlike ûndersyk kaam allinnich ta stân yn stinselfoarm. In eksimplaar berêst by de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed yn Amersfoart. It wichtichste dêrút is mei it fotomateriaal en fierdere ûndersyksferslaggen yn 1991 publisearre troch Ellen van Olst.
Publikaasjes
bewurkje seksjeUnder mear:
- 1915: De greidboerderij in Friesland, Orgaan van de Nederlandsche Vereeniging van Land- en Tuinbouwonderwijzers, 25 juny 1915, tydskriftartikel
- 1916: Het Friesche boerenhuis; Onderzoek naar het ontstaan van de tegenwoordige boerenhuis in Friesland, Friesch Genootschap
- 1933: Het ontstaan der huistypen in Nederland,
- 1995: 'Bylden fan it greidebedriuw yn Fryslan om 1918 hinne', Ljouwert, Fryske Akademy. ISBN 90-6171-800-7
Literatuer
bewurkje seksje- E.L. van Olst, Uilkema, een historisch boerderij-onderzoek. Boerderij-onderzoek in Nederland 1914-1934, Arnhim 1991.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klaas Uilkema fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|