Klaipeda
Klaipeda (Litousk: Klaipėda) is de ienige seehaven fan Litouwen en is in stêd mei likernôch 194.4000 ynwenners (2002).
Klaipeda is in haven oan de Eastseekust, net fier fan de Neman. It is in grutte fearhaven mei fearen nei Denemark, Dútslân en Sweden. De stêd hat in skildereftich oansjen troch de huzen mei ramtwurkarsjitektuer.