Kleaster Ealsum
(Trochferwiisd fan Kleaster Aalsum)
Kleaster Ealsum wie in tertsiaressekleaster dat earst tusken Akkrum en Jirnsum oan de noardkant fan de Boarn lei en koart nei 1400 stifte waard. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster fan de grauwe susters waard yn 1521 it slachtoffer fan de oarloch tusken de Gelderske en Boergondyske foarsten en baarnde oan de grûn ta ôf. Ien fan de besittings wie Uthsmastate yn Grou. It kleaster waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|