Kleaster fan it Krús (Jeruzalim)
It Kleaster fan it Krús (Hebriuwsk: מנזר המצלבה, Georgysk: ჯვრის მონასტერი) is in eastersk-otterdoksk kleaster by de wyk Nayot yn Jeruzalim, Israel. It kompleks leit yn de Delte fan it Kús, súdeastlik fan it Knessetgebou en eastlik fan it Israel-Museum.
Kleaster fan it Krús
מנזר המצלבה | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
adres | Shota Rustaveli St. | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 1039-1056 |
Leginde
bewurkje seksjeNeffens de leginde soe Lot, nei't er flechte út Sodom en hy him fan syn twa dochters skieden hie, him hjir taholden. De beam dy't Lot op it plak plante soe letter brûkt wêze om it krús fan Jezus te meitsjen.[1] In oare tradysje wol ha dat op it plak fan it kleaster de holle fan Adam begroeven is.
Stifting
bewurkje seksjeDer binne twa oerleverings oer de stifting fan it kleaster. Neffens de gryksk-otterdokske oerlevering soe Helena, de mem fan keizer Konstantyn, it kleaster by har besite oan it hillige lân stifte ha. De oare ferzje is dat keizer Konstantyn oan de earste kristlike kening fan Georgje, Mirian III, in stik grûn joech dy't dêr in earste tsjerke bouwe liet. By de Perzyske ynfaazje fan 614 waard it kleaster foar it grutste diel fernield en it rekke yn it lêst fan de 8e iuw ferlitten doe't Arabieren de lêste muontsen fermoarden.
It hjoeddeiske kleaster waard fan 1039 oant 1056 yn opdracht fan de georgyske kening Bagrat op de resten fan in 5e-iuwske tsjerke boud. Yn de krúsfarderstiid gyng it mei it kleaster foar de wyn, it wie it sintrum fan de georgyske mienskip yn Jeruzalim en der wennen hûnderten muontsen. Nei't de Mamelukken yn 1267 Jeruzalim yn besit namen waarden de muontsen ferballe en in moskee boud yn it kleasterkompleks. Under druk fan Konstantinopel stiene de Mamelukken it yn 1305 ta dat it kleaster wer in kristlike funksje krige.
Yn 1685 moast it kleaster fanwegen skulden ferkocht wurde oan it Gryksk-otterdokske Patriargaat fan Jeruzalim. Oant de dei fan hjoed wurde in grut tal georgyske manuskripten yn de bibleteek fan it kleaster bewarre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt kleaster is as in fêsting mei hege midsiuwske muorren oanlein. Efter de swiere muorren leit in mei arkades, treppen en terassen oanlein kompleks fan ferskillende gebouwen.
Kleastertsjerke
bewurkje seksjeDe kleastertsjerke giet op de 12e iuw werom, wylst de tsjerketoer barok fan styl is.
Troch de narteks kin de tsjerke yngien wurde. Oer it alter rêst in koepel op fjouwer pylders, dy't mei fresko's beskildere binne. In sulveren ring yn de alterromte jout oan wêr't de beam stien hat, wêrfan't it krús fan Jezus makke wêze soe. De koepel fan de kleastertsjerke datearret út de krúsfarderstiid en is mei âlde fresko's en mozaïeken fersierd. Fan de oarspronklike tsjerke út de 5e iuw binne noch resten fan de byzantynske flier te sjen.
Yn de tsjerke binne de oerbliuwsels fan de nasjonale dichter fan Georgje, Sjota Rûstaveli, byset, dy't hjir yn de 13e libbe. Op in fresko mei in foarstelling fan de georgyske nasjonale hilligen Jehannes fan Damaskes en Maksimus de Belider wurdt de dichter op 'e knibbels ôfbylde.
Fandalisme
bewurkje seksjeYn juny, likernôch in wike foar de besite fan de georgyske presidint Micheil Saakasjvili oan Israel, waard it fresko fan de dichter Sjota Rûstaveli troch ûnbekende fandalen skeind. It gesicht fan de dichter mei in georgyske ynskripsje waarden weiskrast; it wie it iennige noch besteande midsiuwske ôfbyld fan de dichter. Soksoarte insidinten fûnen ek yn de jierren 1970 en 1980 yn it kleaster plak: georgyske ynskripsjes waarden doe oerskildere en ferfongen troch Grykske. Op de fraach oan de georgyske ambassadeur yn Israel oft er tocht dat de skea it wurk wie fan fertsjintwurdigers fan de Gryksk-Otterdokske Tsjerke andere Revaz Gachechiladze diplomatyk: "Ik soe it net witte. Der binne fertinkings, mar der is gjin bewiis". [2].[3][4] It skeinde fresko waard op basis fan goede dokumintaasje restaurearre troch Israelyske spesjalisten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Monastery of the Cross
|