De tradisjonele efterban fan de ARP waard wol oantsjut mei de kleyne luyden. Hjir waarden protestantsk-kristlike (allinnich grifformearde) middenstanners, boeren, arbeiders en legere amtners mei bedoeld. De oprjochter fan de ARP, Abraham Kuyper kaam op foar dizze gewoane lju; hy woe harren befrije fan de 19e iuwske liberale oerhearsking en foarkomme dat hja harren heil by de sosjalistyske beweging sochten.